Tien

Yn ùs strjitte hinget in grut spandoek. Mei foarse letters stiet er op:  De Bèste Buur. Tien is ferkeazen as de bèste buorman fan Fryslân. We binne as buorlju osa grutsk op him. It binne hurde wurkers, frou en dochters dogge like hurd mei. Op alle merken stean se mei hun loempia`s. Moarns ier en betiid oant [Lês mear »]

Jan

Tusken de kryst- en nijierswinsken leit in aansicht fan Jan. Hy wennet in pear hûzen fjirder. Hy is wat oars as oars. Koart om ‘e hoeke en gau oanbaant. In skoft allyn kaam er in buske foar de doar. “Us buorren sille ferfarre.” sis ik tsjin myn man. Mar wat my opfalt; Jan is der [Lês mear »]

Tradysje

“Hoe fynst dizze dan?” ropt in frou. Ik sjoch om my hinne mar sjoch oars neat as grien. It minske is nergens te bekennen. Ik stean yn in grutte saak fan tunark. Foar dizze gelegenheid omtovere ta in hiel grut bosk. Bern krûpe oer de grûn en boartsje ferskûlje, De man siket om syn frou en [Lês mear »]

Hoe wolle jo it hawwe?

“Hoe wolle jo it hawwe?” freget se. Ik sit midden yn de keamer op in kruk. In grut kleed ûnder my en noch in gruttere om my hinne. Se kin begjinne. Nei dat ik myn pols brutsen hie en de earm yn it gips bin ik ta dizze lùkse oergong. Sa kaam er ek in pedikuere [Lês mear »]

Naìvens

“By welke profider binne jimme?” freget de jonge man. Myn man is by de doar en noeget hin yn ‘e hûs. Der stiet in aardiche jonge foar my. Hy jout in fertroud gefoel. “Hjir is myn frou,” seit myn man; “sy giet oer dit soart saken.” Foar dat ik wat under nimme kin sit hy [Lês mear »]

Oerkaapje

“Sil ik jimme terras èk oerkaapje?” freget de buorman. Hy hat achterhûs in sit makke mei in dak fan golfplaten. En as hy wat makket dan wol hy dat ek by ùs dwaan. Mar ik wol gjin dak boppe myn sit want ik moat de loft sjen. As ik yn myn hoekje sit moarns betiid dan [Lês mear »]

Emoasjes 2

As ik de griene container by de dyk set hear ik myn namme roppen. En ek noch wol by myn foarnamme wat altiid ‘Buorfrou!‘ is. Mar it klinkt sa bliidhertich dat ik  stean bliuw . In buorjonge komt tige optein my temjitte. Syn freondinne is yn ferwachting en fan it ôf  it iere begjin wurde wy [Lês mear »]

Reboelje

“Ha jimme Jack Russels?” freget de man. Op de stoepe stiet in plysjeman yn unifoarm mei alles op en der oan. Ik wurd der kjel fan. Soe der wat  mei myn sibben wêze? Mar al gau seit er; “De buorlju ha lêst fan jimme hûnen. Se hawwe te folle heibel.“ “Dat kin nèt.” sis ik. Se [Lês mear »]

Hortinsje

Ùs Hortinsje stiet er prachtich by. Hy is hielendal feroare fan kleur sa as hy fan`t simmer wie.  Hy wie blierread, nò kin ik de kleuren net goed mear beskriuwe. It is in mingeling wurden fan read nei rôze. Se binne yn elkoar oer rûn. Ik kin er nèt genoch fan krije en gean der [Lês mear »]

Deilis

Der falt in grou flokwurd. Noch ien en noch ien. Hy is dwers troch alles hinne lilk. We sitte bûtendoar en kinne alles hearre. Ùs buorman is frachtweinsjauffeur én ôfkeurd. Hy hat apneu krigen en dan mei jo nèt mear achter it stjoer. Wiken hat de wein op it parkeerterrein stien. Regelmjittich siet hy efkes yn de [Lês mear »]

>