Selsbehâld

“Hast ek in rollater yn de oanbieding?” freegje ik Bouke. Nei de tsjinst sitte wy neist elkoar te kofje drinken. Hy sit yn de rommelmerkkommisje fan ùs tsjerke. “Dy hast sto noch net nedich wol?” Hy sjocht my es op en del oan. “Nò,” sis ik; “ik wurd in dei âlder en dan ha ik him … Read more

Parkearperikels

“Nò moat it net gekker wurde,” seit myn freondin; “ik ha in boete krige fan njoggentich euro. En der boppe op noch sân euro fyftich foar de administraasje.“ Ferûngelyke sjocht se de kring rûn. We hawwe wer es in jierdei te fieren, sa dwaande in protte oanrin.   Sûnt begjin jannewaris binne alle strjitten om … Read more

Ierdbeving

Troch donderjend geweld wurd ik wekker. Myn earste gedachte is in ierdbeving is dy hjir nò ek al? Ik sjoch nei myn man mar dy leit noch op it selde plak wer`t hy lizzen gong is. Ik flean nei underen ta en sykje om ‘e hûn. Wer is dat bist dochs ? Triljend en mei … Read more

Hacker

“Wolst efkes nei myn kompjûter sjen? Bin ik wol goed befeilige?“ Ungerèst skilje ik mei myn soan. “Der is in hacker dwaande.“ Al ùs gegevens, materiaal mar ek ùs sinten binne nèt feilich op de kompjoeter. Nò ja, folle ha wy nèt op de bank, dat sil foar de hacker nèt de muoite wurdich wêze, … Read more

Heechwetter

It is trije oere yn ‘e nacht. Wa giet nò nei bûten ta? Ùs Max wurd in âld mantsje en kriget alderdomsferskynsels. Ik gean der al op lizzen. By it earste lûd stean ik by de achterdoor. Want skjin op him sels is hy altyd west. Somtiden, tink  ik wol es, dat hy net allinne … Read more

Ferhingje

Nè, ik wol my nèt ferhingje, hear. Dat sis ik earst mar foar dat jimme fremde prakkesaasjes oer my krije. In goekunde fan my skildert en besiket troch ùtliening de kosten der ùt te krijen. Ferskate minsken ùt har omkriten hawwe in skilderij fan har hingjen. Oerâl wer `t ik kom is har wurk werkenber. … Read more

Fotomodel

Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan? Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde. En sa stiet … Read more

Mokses

Wa kin my helpe??” rop ik nijsgjirrich. De lampkes boppe it oanrjocht ferhippe it wer es. Yn it tsjuster bin ik oan it griemen en kin neat fine. Nije lampkes kocht mar nee hear. Myn man is mear it type fan ried jaan en in oar it wurk dwaan litte. “Moast earst sjen as it … Read more

Kriminelen

Wolle jo in stap te bek gean?” freegje ik de man achter my. Ik stean foar de kassa yn in supermerk. It is kringen. Ik fiel de azem fan de man yn myn nekke. Hy mompelt; “Sorry.”, en giet in stap achter út. Wat is dat wat hjoed de dei? Dat jo gjin minske mear … Read more