Om it hus

De Twirre

trochPosted on 5 Comments1min read1277 views

stationspleinYn dit hûs, ‘De Twirre’ (= ‘wyn om it hûs‘), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem.

Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte wol: san jas dy jo om jo hinne slaan kinne.

It hûs hat in lange histoarje. En omdat wy in soart tegearre bepraat ha kaam ik in protte dingen te witten oer it ferline.

Myn skoanheit krige it fergees by de oankeap fan de bijgebouwen. It hûs moast fan `e grûn ôf op nij opbouwd en yn âlde steat wêrom brocht wurde.

It hûs hat underdûkers herberge. NSB-buorden stiene yn de tùn. In Joodse sjoernalist ùt Den Haag hat der underdak fûn. Ùs jonges binne der opwaakse en hun avontoeren belibbe.

It hûs hat yn al dy jierren hiel wat bisten under syn dak hân. Hûnen en katten, kninen en hinnen. Ach, tefolle  is er bard yn al dy jierren om op te neamen.

De dei dat it hûs ôfbrutsen is ha ik ôfskie nommen en mei de triennen foar it lêst de ruten dien.

Tank je wol, De Twirre, foar al dy jierren fan waarmte en feiligens.

-Hjoed de dei-

Mediator

trochPosted on 5 Comments1min read1344 views

Untitled-2Ik ha in mediator nedich; wy hawwe in kwestje.

In skeel fan ynsicht tusken it lichem en de geast. Sy binne it wol faker net iens. De geast hat altyd plannen en it lichem giet er altyd tsjin yn.

De geast seit; ” Hy is dwers.” en it lichem seit; “Hy wit it altyd better.” En altyd is er wol in striid te befjochtsjen tusken beide partijen. En ik stean der midden yn. It iene momint  jou ik de geast gelyk en dan wer it lichem.

Sa as fannemoarn: ik woe de tùnbank fervje. De geast sei; “Dat kinst sto bèst.” mar it lichem sei; “Dat soe ik nèt dwaan. Do hast it ommers yn de rech? 

Mar ik lùsterje net. Ik ha der fierstefolle nocht oan. En sa lit ik de beide tsiere.

Krûm gean ik de earste dagen troch it libben: de rech hat it ôfwitte litten. Mar it resultaat is er dan ek nei. Elts bliuwt stean. It is in eachlûker wurden …

Hie ik net gelyk?” seit de geast. It lichem snùft.

“Lichem en Geast moatte ien wêze.”

Wa sei dat ek al wer?

DSCN0294-bewerkt

Fremdelingen

trochPosted on 1 Comment1min read1110 views

Untitled-1Lofts achter ùs is in flat gebou, net sa heech mar twa etages. Yn de boppeste binne nije bewenners kaam. En dat hâld my no krekt yn `e besnijing want as ik bûten sit ha ik it each der op.

De buorman dy `t mei fan alles op `e hichte is sei dat er trije jonges yn kaam wiene. It binne kreaze jongelju se sitte rûch yn `t burd. Sa no en dan galmet fremde sangeriche musyk troch de iepen steande doarren.

Se hawwe in oare libbenswize as wy hja libje s nachts . Oerdei is it deastil en s nachts baarne de ljochten oant de moarntiid ta.

“It doogt net. Wat ik dy sis.” seit myn man. “Miskyn wurde se wol oplieden foar de Jihad.”

“Hoe komst der yn de goedichheid by?” sis ik lilk; “Alles wat fremd is, is net ferkeard.

Wolst ek mei?” freegje ik him; “Kinne wy efkes kennismeitsje.” Hy sjocht my fremd oan.

De kleieriche musyk giet wer oan en ik waan my yn fremde oarden. Fier, fier fuort.

Serene stilte

trochPosted on 0 Comments1min read1146 views

sinneIt is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke.

Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte.

Ik sit te mimerjen wylts ik om my hinne sjoch. It is de moaiste tiid fan `e dei. Jo kinne jo tinzen mar gean litte en hoeche jo nearne om te bekroadzjen. In hoane wurd wekker mar it lûde keakeljen hat gjin gefolch by it hinnefolk.

In jongfeint dy al in setsje sûnder wurk siet sei es tsjin my; “De moaiste tiid foar my is de sneintemoarn.

Hoe sa?” frege ik; “Dan bin ik net allinnich dy wurkleas is, dan binne se it allegearre.” It er net by hearren, dat lei him heech.

De serene stilte wurd ferskuort troch it lieden fan de Roomske toer. Efkes letter begjint it kariljon deuntsjes te spyljen.

Krebintich gean ik oerein. It hat wer goed west foar in hiele wike lang.

Ferlitten

trochPosted on 0 Comments1min read1014 views

Untitled-1Wêrom fiel ik my ferlitten?

It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne.

De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs wurd de optearcaravan ùt probeare . “Nije wike gean ik in pear wike nei Kroatië.” seit de soan.

Ùs mem wie yn de bouwfakânsje jierdei en dat wie net bêst fansels. Se tocht dat se de ienichste op de wrâld wie dy oerbleun. Wy foene it mar oanstellerij. Oandacht lûke. Op ùs gefoelens ynspylje.

En nò bin ik sèls sa.

Wat is dat dochs dat minsken in oare omjouwing nedich hawwe? Der komt in ferlitten gefoel oer my.

Unopsetlik moat ik tinke oan de tûzenden flechtelingen dy yn ùs lân feiligens sykje en alles achterlitte moatte. Hoe ferlitten moatte sy hun wol net fiele?

Ferlitten? Ik moat my skamje ta de teannen ùt.

Sosjale media

trochPosted on 0 Comments1min read1205 views

Untitled-2Ik lis op ‘e knibbels foar it tùnhekje. It moat nedich yn ‘e ferve. Mar om dat in in ferfelend kluske is stel ik it mar ùt. En om dat ik leart ha “Stel niet uit tot morgen wat gij heden doen kunt” as “Geale soe ik mar dy stoar earder” gean ik oan de slach.

Foar dat jo oan `e gong geane is it in hiel gedoch. Earst om geskikt ark ùt en as is it safier is begjint it te reinen. Bliid ta mar no skynt de sinne, ik ha gjin eksûs mear. De earste latsjes sitte yn de ferve. It sjit moai op.

Ha jo wol de goeie kleur? freget de buorman fan skean oer. “Hoe sa?” sis ik en rek efkes myn lea“No, it is in oare kleur as dy `t er op sit.”

Nei noch in pear latsjes komt de buorman dy in ùtkearing hat. “Ha jo it wol yn de grûnferve setten?

In frou lit har hûn ùt en begjin in praatsje. Wylts docht de hûn de poat omheech, hy mei it wol lije. It is skimerich wurden en myn rech seit; “Doch it sels mar.”

“Kin ik jo helpe? freget de wurkleaze. De buorman fan skeanoer fynt it mar neat.

De hûn komt lâns, docht syn poat omheech en ik wiuw werom.

Stekje

Skimerjûn

trochPosted on 1 Comment1min read1208 views

MesmerizingYn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht.

Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is?

Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske hat him deljûn en de lêste kroechrinners besykje hielkrêftich thus te kommen.

Ik ha wat mei skimerjen.

By myn pake en beppe gong it ljocht net earder oan as it tsjuster waard. En as wy sa byelkoar siten dan kamen de ferhalen oer eartiids. Ik koe er net genoch fan krije.

Sa as myn pake en beppe yn hun jonge jierren te dûnsjen gongen op `e Ûlesprong. En dan yn de neare nacht mei in pontsje oer moasten en de wâl net mear fine koenen.

Al die ferhalen sloech ik op yn it boek fan it ûnthâld. En nò, nei safolle jierren, begjinne se wer te libjen. Ik bin wêrom yn de tiid.

“Komst yn `e hûs?” ropt er. Skril fal ik wêrom yn in hiele, hiele oare ieu.

Skimerjûn

trochPosted on 1 Comment1min read983 views

MesmerizingYn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht.

Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is?

Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske hat him deljûn en de lêste kroechrinners besykje hielkrêftich thus te kommen.

Ik ha wat mei skimerjen.

By myn pake en beppe gong it ljocht net earder oan as it tsjuster waard. En as wy sa byelkoar siten dan kamen de ferhalen oer eartiids. Ik koe er net genoch fan krije.

Sa as myn pake en beppe yn hun jonge jierren te dûnsjen gongen op `e Ûlesprong. En dan yn de neare nacht mei in pontsje oer moasten en de wâl net mear fine koenen.

Al die ferhalen sloech ik op yn it boek fan it ûnthâld. En nò, nei safolle jierren, begjinne se wer te libjen. Ik bin wêrom yn de tiid.

“Komst yn `e hûs?” ropt er. Skril fal ik wêrom yn in hiele, hiele oare ieu.

Grutsk

trochPosted on 5 Comments1min read1358 views

Untitled-1Ik hâld net fan lju dy grutsk op hun sels binne. Der ha ik altyd in yngeande hekel oan hân. Mar dit is wat oars; ik bin grutsk op my sels.

Nei dagen fan wrotten en bealgjen is myn terraske klear. Kroaden mei ùtgroeven modder fertôge fan it iene plak nei it oare. Doe moast er sân komme en wat er oerblean ùtsuttele yn `e buorren.

Geart neist ùs hat it kreas bestrjitte, dat moat ik sizze. Mar de omballingen wiene foar my. En omdat ik gjin achtsjen mear bin foel my dat raar ôf. Mar it resultaat is er dan èk nei.

Nije stuoltsjes mei fleariche kessentsjes meitsje it ta in noflik tafriel. Dèr sit ik dan mei in grutskgefoel om my hinne te sjen. Dat ha ik dochs mar wer foarelkoar krige.

Wat moast nò by de kop ha?” freget er. Somstiden kin dy man my net mear folgje, snap jo dat nò?

Het zijn de kleine dingen die het doen, die het doen‘.        Wa songen dat ek al wer ?

mem terras

Ynventyf

trochPosted on 2 Comments1min read1360 views

Untitled-2Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht“De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn.

Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne fan tweintich jier wêrom. Mar dan hat hy in ferkeard wyf trouwd. As ik wat yn de holle ha giet it troch.

Ik skilje mei de hierbaas en dy sil in kûp sân bringe. “Dat is fierste folle.” fûtert er. “Nò,” sis ik; “wa `t wat nedich hat hellet mar op.”

Mar nò. Hoe kom ik oan tegels? “Op Markplaats.” seit ien. Mar hoe krij ik dy hjirre? Ik moat de buorren mar yn en freegje wa`t sân nedich hat en sa ha ik yn koarte tiid safolle tegels dat wy wol in skoalplein belizze kinne.

De buorman moat fan de oerheid frijwilligers wurk dwaan, komt dat goed ùt! Yn myn fantasije sjoch ik it terras al foar my. Nò noch nei de Lege Knip om in kreas tùnsetsje.

Moarn sil it heve. As it no mar droech bliuwt.