Idealistysk

Och, wat bin ik bliid dat dy gemeenteferkiezingen achter de rech binne. Nei oanrin fan dit barren wiene de grutte kopstikken fan ferskate partijen net fan it byld te slaan. Ik moat sizze ik ha der gjin krommel ferstân fan. Ik hear eiglik by alle partijen. Ik bin yn de polityk folslein in analfabeet. Myn woartels [Lês mear »]

Unyke gearwurking

De Meniste tsjerke sil in yngripende ferbouwing ûndergean. It is in gebou ùt de 17 de ieu en is nedich oan restauraasjen ta. It dak is min en de grûn is fersakke. Der binne ferskate aksjes op touw set. Mei rommelmerken, boekeferkeap en konserten is er in fiks bedrach byelkoar skrabbe. Nèt te ferjitten mei [Lês mear »]

De leedsizzer

Fan hearren en sizzen komme wy te witten dat in hiele goeie freon fan ùs ferstoarnt is. “Wêrom ha wy gjin in leedbrief krige?” sis ik tsjin myn man. “Dy komt noch wol.” seit er. De dagen geane foarby mar gjin leedbrief. Dan seit immen; “Se hawwe de oankundiging op Facebook en Twitter setten.” “Ja mar … ” [Lês mear »]

Frijwilligens

“Ik moat frijwillegerswurk dwaan.” sei myn buorman.  Hy is altyd selsstannig undernimmer west yn it frachtferfier. Mar troch lichemsbeheindens rekke hy der ùt. Foar de nuverste putsjes wurd hy no frege. “Ik fiel my minderweardich.“ seit er mankelyk. In oaren ien betocht sels om wat te dwaan foar mienskip en melde him oan. Mar de oare deis [Lês mear »]

Nieuwsuur

Ik bin ferkâlden en fiel my heal. Noch mar efkes nei Nieuwsuur sjen en dan op bed. Mar ik bliuw hingjen. In boeiende reportaazje oer selsdeading hâld my yn ‘e besnijing. It giet oer twa froulju dy noch net sa âld fan jierren binne. De iene is eartiids ferkrêft en dat hat har fierdere libben ontwrichte. [Lês mear »]

Ferwachtings

“Sille wy tegearre nei de film?” freget in freondinne; “De film De Nieuwe Wildernis spilet yn de bioskoop. En as sto lid biste fan de Anbo kinne wy der foardielich hinne.” En sa sit ik moarns ier en betiid klear. Wy sille dernei kofje drinke is it plan.  “It kin wol es ùt ‘e hân rinne.” sis [Lês mear »]

Mei de itenspanne op skoat

Hearkes, hearkes… wàt in spanning. Wy sitte sa as safolle lju foar de televyzje. Der mei net tusken troch praat wurde en de hûn mei net blaffe. Wy hawwe beide ùs favoryten. Myn man hat oare favoryte atleten as ik.   Myn favoryten binne twa hurdriders ùt Âldeboarn; Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma. It bloed [Lês mear »]

Itensbank

Justerjûn ha wy in sprekker hân oer de itensbank fan It Hearrenfean. Mei byld en ùtlis ferhelle in enthousiast bestjoerslid oer it wurk fan de itensbank. Djippe bewûndering ha ik krige foar dy tritich frijwilligers dy ‘t elke wike mar wer de pakketten rè meitsje. Yn 2008 binne se begong mei 8 pakketten en dat is [Lês mear »]

Fernuverje

De Ljouwerter Krante is let fannemoarn. Ik stean yn `t tsjuster te dikerjen; soe hy hast komme? De sneontemoarn is hillich foar my. De krante spried ik dan breed ùt oer de tafel net ien mei my steure  allinne foar in bakje kofje. Nijsgjirrigge ferhalen nimme my alhiel yn ‘e besnijing, Mar nei ik fierder blêdzje [Lês mear »]

Stellerij

Mei grutte swaailjochten wurd ùs fersocht om te stopjen. We steane foar in krùspunt efkes bûten it sintrum. De hiele omkrite is ôfset troch plysjes yn oranje unifoarmen. It is mienens sa te sjen. Oeral stean auto`s ùt alle rjochtingen. “Drankkontrôle. Hast nèt dronken wol?” freegje ik him yn ‘e gauwichheid . “Ik drink noait.“ seit er; “As ik ride [Lês mear »]

>