Oer mijsels
Krystfeest
Wy hiene yn ùs doarp eartiids twa krystbeamen. Ien yn de tùn fan de dokter en in hiele grutte yn de Herfoarme tsjerke. Djip ûnder yndruk wie ik as ik dy prachtiche beamen seach. Yn de beam fan de tsjerke sieten echte kearsen mei sulveren bollen. Twa man sieten by de beam. Hja hiene lange … Read more
Kulinêr
“Wat sille jimme ite mei de kryst?“, wurd my dizze dagen gauris frege. Wat is dat hjoed de dei wichtich wurden tink ik dan by my sels. En dan komt de swierrichheid; ik bin hielendal net kulinêr oanlein. Ik bin mear fan de gewoane pot. En ik moat sizze myn man en bern kleie noait. … Read more
A.O.W.
“Wanneer krijgt u het weer binnen?“, freget in frommeske my. Ik stean by de kassa fan in grutte supermerk. Se sjocht wat meilydsum nei myn protsje boadskippen op de rinnende bân. “De drie en twintigste zeker?” Ik sjoch har freegjend oan. “Wat bedoele jo?” “Nou ja de meeste mensen zitten er op te wachten in … Read more
Advintsjûn
“Hast sto ek in moai ferhaal , freget de foarsitster. Wy sille as susterkring advintsjûn fiere. Dat hâld yn: foar it skoft it geastlike gedielte en nei it skoft in frij ferhaal. En ik wit net wat it is mar dan freechje se my altiid. Dan helje ik de hiele boekenkast oerâl, sneup alle boekwinkels … Read more
“Mem moat op Facebook.”, seit myn soan. Se binne in wykein thus mei twa hûnen ùt Portugal. Wat is it gesellich. Sokke tiden wurd der hiel wat ôfpraat. Ek de hûnen skine har aventoeren oan elkoar kwyt te kinnen. De taal skynt gjin swierichheid te jaan. “Wèrom moat ik op Facebook?“, freegje ik. “Mem hat … Read more
Blèdblazer
“Ik wol in blèdblazer…“, sis ik tsjin myn man; “Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget.” “Moat dat nò?“; freget er mei in grutte tear yn syn holle; “Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken.” “Ja“, sis ik; “mar ik moat it allegearre beskreppe.“ Ik begjin my te ferdedigjen. “Wist wol wat … Read more
Ferdivedaasje
Nei in hertlike hândruk fan myn toskedokter gean ik achteroer lizzen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat syn konklúzje is oer de stân fan myn gebit. Ik bin in bytsje senuweftich, nèt iens sa oer myn gebit mar mear noch om wat it kostje moat. As ik efkes myn mûle spielle moat freegje ik hoe … Read more