Facebook

Mem moat op Facebook.”, seit myn soan. Se binne in wykein thus mei twa hûnen ùt Portugal. Wat is it gesellich. Sokke tiden wurd der hiel wat ôfpraat. Ek de hûnen skine har aventoeren oan elkoar kwyt te kinnen. De taal skynt gjin swierichheid te jaan.

Wèrom moat ik op Facebook?“, freegje ik.  “Mem hat in webside en dan moat jo ek op Facebook. Freondinnen en freonen fan eartiids mar ek sibben kinne mem har belibjen meimeitsje. En der troch  kriget mem kontakten mei minsken ùt de hiele wrâld.”, seit er. “Moat dat?“, sis ik. Yn wèzen moat ik der neat fan hawwe. Ik bin nèt de jongste mear mar dat seit neat: alderdom is net mear fan belang. En sa kom ik op Facebook.

Nò, dat ha ik witten. De telefeniste ùt myn doarp hie it eartiids dèr net sa drok mei as ik nò. De mail sit grotfol mei ferskate reaksjes fan posjityf oan’t negatyf. Dochs moat min mei de tiid mei gean. “Oan alles moat min wenne, sels it hingjen went…“, sei ùs heit altiid! 

Doe sy fuort gongen hearde ik de hûnen seft sizzen: “Oant sjen en adios. Wa wit sitte sy al lang op it bistefacebook…” 

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien