Oer mijsels

Skoalreiske

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der hie min noch gjin weet fan. Dèr waard wol sein, nèt healwiizje en goed fèsthâlde. De dyken wiene ek noch nèt sa goed as hjoed te dei, wy hâlden mekoar fèst en as de auto oer in bult rydt dan fleachen wy ûnder grutte hilariteit troch de fèwein.

Yn Appelskea oankaam wie de helte fan de bern beroerd en mislik. Mar mei de ranje en de tontsjes ko-iis wiene wy al gau alles fergetten. Wat ha wy ùs fermakke yn de sânkûle en de boarterstùn. De dei fleach om en al gau moasten wy wer yn de fèwein nei hûs ta. Dat skeat my yn iens yn`t sin dû ik in grutte lùkse toerbus foar de skoalle stean seach . Se soenen mei de skoalbern nei it bûtenlân , sei de sjaufeur .

Soene dizze bern letter ek sokke moaie oantinkings  ha, freechje ik my ôf.  Tiden hawwe tiden, is`t nèt wier?

Bedoarn

trochPosted on 2 Comments1min read1109 views

Mem, hat dy jonge bedoarn“, sizze syn bruorren . Hoe faak  ha ik dat net hearre moatten ?

It giet oer hun jongste broer. Dy woe faaks nèt omtlyk. Doe hy in puber wie hiene wy gau ris de hannen fol oan him. Hy wie oars as syn broers. Hoe lyts hy ek wie, hy hâld in deiboek by. Jûns as hy op bed lei waard it belibjen fan de dei opskreun. Ek as hy bliid as fertritlik wie, alles waard notearre. It binne  foar my kostbere skriftkes wurden. Hy begong te tekenjen, eigenlik wiene it cartoons,  ek der koe hy syn gefoelens yn kwyt. Skoalle hie hy net folle mei -hy koe net goed mei gesach omgean- op eigen manneboet, dan kaam hy it beste ùt de ferve. En sa is it altiid bleun; in frij gefochten geast. Nò kin hy syn ai kwyt yn syn wurk. Kreatyf,  untwerpe, syn kinnen sjen litte en wurdearre wurde. Wy hawwe wat mei elkoar, sûnder wat te sizzen begripe wy elkoar. Bedoarn, dat is hy nèt mar hy is oars.                                                                     

Wat fiel ik my gelokkich mei in lykgestimde. Ien dy my begrypt en oanfjild. Wy hawwe wat, dò en ik …


Krysant

trochPosted on 0 Comments1min read1190 views

Ik stean yn in supermerke foar de toanbank en sis tsjin it famke; “Ik wol graach wat ôfrekkenje.” Hja sjocht my fremd oan want ik ha neat yn myn hannen. “Wat woene jo betelje?“,freget hja. “Ik ha juster in pot Krysanten mei naam en net ôfrekkenne..“, sis ik.

Ik fiel my oplitten. De minsken efter my sjoche my nijsgjirrich oan mar ek begrutlik. Jo kinne oan de gesichten sjen dat hja fan alles oer my betinke. It stumper koe har fingers net thùs hâlde en hat spyt krige. As it is in kwaal it komt yn de beste femyljes foar. Mar sa wie it net.

Ik rûn juster mei in ôfladen karre de winkel ùt en sa kaam ik myn soan tsjin. Hy sei; “Moat mem noch mear planten ha? Mem hat al sa folle.” En sa diskusjearjende  wei set ik de Krysant op de boadskippen en rin er mei nei it parkearplak. It skeat my fannacht samar yn`t sin. Ik ferskeat der fan lokkich wie it tsjuster. ‘Moarn dalik hinne‘ seit myn gewisse.

En sa stean ik hjir nò en skamje my djip. Mar it famke seit fleurich; “Ik hoop dat de plant goed tierje mei en betanke dat jo kaam binne.” Wat kin min nuvere setten dwaan, net? De Krysant hat in apart plakje krige. Ik sil goed op him passe.

Stellerij

trochPosted on 3 Comments2min read1249 views

Mem, nò is myn fyts alwèr stellen!” Us soan komt pûr lilk  thùs fan skoalle. “Hiest him net op slot tink.” is myn reaksje. “En juster ha ik him noch plakke litten by Hanske de fytsmakker.” giet hy fjirder. De safolste fyts is foart. Wy keapje ùs earm oan fytsen en keapje allinne noch mar twadde- as treddehâns. Ik ha skjin myn nocht fan dy stellery en sis tsjin him; “Dan snapst dochs ien wèrom…

In pear grutte fernuvere eagen sjoche my oan. “En mem seit altiid dat we earlik bliuwe moatte!” Hy kin der net by. Mar ik mien it nèt fansels.

Ùs jonges binne al wer in set de doar ùt mar hjoed skeat it my wer yn `t sin troch dat in buorjonge syn fyts ek kwyt wie. Okkerdeis binne der op in nacht fjouwer fytsen by ùs ùt it hok helle wer fan in gloed nije dy ik de foarige dei kocht hie. Der wiene mear minsken yn de omkriten dy hun fyts kwyt wienen. “Hja skine der mei in buske by lâns west te hawwen.” seit de buorman. Ien kear yn `t jier hâld de plysje iepen dei en dan kin jo jin eigen fyts wèrom keapje. Mar ùses wiene der nèt by fansels. Der sil wol ien yn it bûtenlân op ride tink ik.

Nò ja. As der mar ien mei holpen is en lang wille fan hawwe mei. En net stellen wurd…

 

Kieze as diele

trochPosted on 0 Comments1min read1020 views

Wy moatte kieze as diele, wat is dat somtiden dreech.

In streamfoarsjenner freget ùs as wy ùs bine wolle foar trye jier. “Jimme betelje tefolle foar jimme providers…“, seit ùs soan. “Jimme kinne it  better by ien leveransier hâlde.“, seit in oare  soan. It is foar ùs in puzzel. Wat is it foardielichst foar ùs? Net ien kin it ùs fertelle. Myn buorman -de frachtrider- seit: “Der komt noch mear gedonder yn it middenoasten” ,hy kin it witte hy riid op it bûtlân; “alles wurd djoerder. Rekkenje dèr mar op.” In oar seit wer: “As it goedkeaper wurd betelje jimme gâns wat tefolle.” Wat is wiisheid?

Sa giet it yn hiel ùs libben. Wy moatte kar meitsje en it giet nèt allinne mar oer jild mar ek oer saken as gelok. Ik sil earlik wèze; ik bin net altiid geduldich en lusterje net altiid nei goeie ried. Wat kin ik dan kwea wèze op mysels: “Grutte suffert!” siz ik dan,  “Tel earst es oant tsjien ta!” Troch skea en skânde ha ik leare moatten om by grutte beslûten nei myn hert te lûsterjen en net nei it ferstân.

Mar kin it hert wol sûnder de wiisheid fan it ferstân? En it ferstân wol sûnder it gefoel fan it hert?

Selsanalyse

trochPosted on 0 Comments1min read1024 views

Ùs mem is har oan`t ferklaaien, samar yn ‘e wike. Op myn fraach: “Wer sil mem hinne?“, is har koarte andert; “Dat hearst straks wol“. Se pakt de fiets en giet it doarp yn. Nei in skofke komt se tige optein wer thùs. Mei in djippe sucht seit se: “Ik hie wat goed te meitsjen en soks moat earst ùt de wei.

Se hat har yn har libben hiel wat ferklaaie moatten, sy wie hiel spontaan en sei wat sy tocht. Nò by it âlder wurren untdek ik dat ik al mear en mear op har begjin te lykjen. Myn libben lang ha ik fansels op har like. Mar nò betraapje ik my der op dat ik har karaktereigenskippen erft ha, goeie mar ek minder goeie. Wy binne spontaan en sizze wat wy tinke en dat kin net by eltsenien. Wy besearje soms minsken ûnbewust. En werd ik in glandige hekel oan ha is dat ik argewaasje mei immen ha. De minsken rjocht yn de eagen sjen, âld sear opromje en skjin skip meitsje.

Mar ik tink dat ik yn myn libben noch hiel wat ôf fietse moat.

Selsanalyse; wat kin dat soms goed wèze…


Strikken

trochPosted on 3 Comments1min read1436 views

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn ‘e holle.

Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken komme. Hja wiene noch mar krekt yn skoalle as se moasten al op ‘e gong komme. By it Haad fan de skoalle stie in fremde man yn swarte klean. Hy moast fan de swarte man de oranje strikken ùt it hier helje. Mar it Haad sei: “Nè, dat doch ik net. Ik mei net oan myn bern komme.

Hy stjûrde ùs nei hûs en wy moasten dalik werom komme sûnder strikken. Mar ùs mem sei: “Der komme hoe dan ek strikken yn want Keninginne Wilhelmina is hjoed jierdei.” Dû kamen der grutte swarte strikken yn; in teken fan rou. We wiene noch mar krekt wer op skoalle as we moasten wer nei hûs. Ùs mem stie ùs al op te wachtsjen mei noch gruttere strikken nò wiene se wyt. Se sei: “Wyt is de kleur fan de oerjefte mar ek fan befrijing.

Wat wy dèr fan tochten? Myn suster fûn it in soad geskyt mar ik fûn it tige spannend dat ùs mem dat oandoarde. Dat wie wat… In died fan ferset fan in ienling der`t in hiele protte fan wienen yn Fryslân.

De skriuwster dizzes oan de linkerkant mei een grutte strik yn it hier.

Sliepeleazens

trochPosted on 0 Comments1min read924 views

Hawwe jimme dat ek wol es dat je midden yn ‘e nacht wekker wurre en net wer sliepe kinne?

Ik doch myn ùterste best en gean fan de iene side op de oare. Alles wat er hjoed bard is giet as in film oan myn eagen foarby. It slagget my net om de bylden dy myn harsens hjoed op slein ha en oan myn eagen foarby gien binne kwyt te reitsjen. Ik gean der mar ôf en set de televyzje oan.

It doarp wer ik berne bin is foar Omrop Fryslân. Wat doche de ynwenners hun best om goed foar it ljocht te kommen. De striid tusken de doarpen is los brutsen; welk doarp soe it beste ùt de ferve komme? Ik libje o sa mei, ek al wenje ik der net mear. Myn eigen doarp is favoryt fansels. Ik sâpje wat troch fan de iene sinder nei de oare. De rjochtsaak fan de deade poppen ùt Beets wurd hierfyn ùt de doeken dien. De media kin der mar gjin genoch fan krye, op alle sinders wurd it ùtsjûrd.

Sa gean ik fierder mar wur nearne sloech fan. Bûten it nijs om binne it allinne mar programma`s fan moaie jonge froulje dy amper klaaid binne en graach kontact ha wolle. Mar dat boeit my net, se litte my allinne mar sjen dat ik dy leeftiid allang efter my litten ha.

Ik nim mar in sliepmûtske. Mooglik slagget it dan.


Diskriminaasje

trochPosted on 1 Comment2min read1104 views

Dat wurd letter neat mei dy…“, seit de man foar my.

Ik sit tsjin oer in strange, hurde man. Hy is de haadmaster fan de kristelike skoalle ùt myn doarp. Mei grutte  ferwitende eagen sjocht er my oan. It giet oer it lèste rapport; ik moat nei in ferfolch oplieding. Ik sjoch him tinken mei in djippe rimpel yn syn holle (“Wer moat ik mei dit bern hinne?“)

Ik moat ta jaan: ik wie net in learder. Ierdrykskunde en rekkenjen koe fan my stellen wurre. Mar  grammatika en taal koene se my wol wekker foar  meitsje. En as ik op  moandeitemoarn in psalmferske foar de klasse opsizze moast dan wie ik yngelokkich.

Yn myn jonge jierren wiene der noch al wat rangen en stânden. Mar ek ferskaat yn leauwen sa as tusken de herfoarmden en grifformearden. De herformden hiene de oerhân en siten yn hast alle bestjoeren, sawol yn it skoallebestjûr as yn it ferienigingslibben. { lokkich binne hja letter  ien wurren  de  P.K.N. } Boppedat wiene wy arbeidersbern en ek noch grifformeard dus kânsen wiene der net foar ùs. It ienichste  foar de famkes wie de hùshâldskoalle en foar de jonges de ambachtskoalle.  Sa wie dat dû, wy wiene net de ienichsten. We wisten net better. Diskriminaasje is fan alle ieuwen en alle tiden. It hat nea oars west. Lokkich binne hjoed oan ‘e dei mooglikheden genoch om jin te ûntwikkeljen en te ûntjaan.

En mei it famke is it goed kaam, moast it haad fan de skoalle es witte…

Mar hielendal is it slagge as har bern nei  har dea sizze: “It wie in minske om fan te hâlden.

Oanpasse

trochPosted on 1 Comment1min read1154 views

Dû ik yn it houliksboatsje stapte sei de omjouwing:”Do moast dy oanpasse.” “Oanpasse?” tocht ik; “Wat is dat? Moat ik nò in oaren ien wurre?” Ik hie der gjin benul fan wa ik dan wèze moast. Hja betsjutten wat yn de maatskippy en op it sosjale med hiene hja wat yn te bringen. Dus ik die myn ùterste best om in oaren ien te wèzen en der by te hearren. Ik wie in kamelion wurren. Ik paste my oan, prate en bewege my sa as fan my ferwachte waard. Mar ik wie net de persoan dy ik altiid west hie. En as jo net jo sels wèze kinne binne je ek net gelokkich.

It libben hat my leard om te wèzen sa as ik bin. Ik bin dy ik bin en der is mar ien fan.

Myn rie is dan ek: bliuw altiid tichte by dy sels, der komst it fjirste mei.