Webside

Mem moat in eigen webside ha.” sei myn soan. En sawat in jier allyn bin ik dèr mei ùt ein setten. Yn it begjin ha ik noch al wat tsjin aksele (“Wat moast ik mei in webside?“). Ik wist net iens wat it ynhâld. Mar de soan trune oan en ik koe der nèt ûnderùt. En sa ha ik nò hûnderdfyftich stikjes skreun op myn webside.

It hat hiel wat ferskate reaksjes opsmiten. Posityf en minder posityf. In freon sei: “Dyn stavering  doocht  nèt.” In oaren ien sei: “Do moast allinnich grappiche stikjes skriuwe, dy lèze minsken graach.” In freondinne sei: “Do moast dy nèt sa bleatjaan, de lèzers hoeche nèt alles fan dy te witten.

En ik? Ik bin bliid mei dy ferskate mienings… dan wurde se teminsten lèzen. Ik tink dat Afûk en de Fryskebewegings wol es skodholje oer myn skriuweraasjes. En sa mei ik myn wederwarichheden yn blierens, somtiden yn drôvens mar ek mei humor, op  myn webside sette. Barren ùt it ferline mar ek ùt it deistiche bestean sille foarby komme.

Jimme binne noch nèt fan my ôf want ik kin it nèt litte…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien