Renovaasje

“Dèr moat wat barre.” sis ik tsjin mysels. Ik stean foar de spegel yn de lift fan de soan. Myn earste tinken wie; – “Kin ik dat minske?“– “Wèr ha ik har earder sjoen? Hja komt osa my bekend foar.“– “Ferhip! Dat bin ik sels!“– “Mar dy spegel doocht nèt fansels…”   Middeis stean ik yn [Lês mear »]

Soe it passe

“Soe it passe om ùs nei it sikehûs te bringen? Wy moatte der om dy en dy tiid wèze.“ Wy binne ôfhinkelik wurden. Wy hawwe ùs libben lang elts in auto hân. Dat betsjutte selsstannigens en frijheid. Dan is der samar de tiid fan ‘Soe it passe‘? Alles goed en best mar sis nò sels; hoe fier [Lês mear »]

Jehannes

It is sneintemoarn. Jehannes hat noch net skille. Hy sil wol op de fyts gean. “It is knap waar.” tink ik by my sels. En sa set ik de stap der yn. It is in grutte binde yn it sintrum. Min moat oppasse wer`t jo rinne. It is de Night of the Koemarkt west. De gemeente is [Lês mear »]

Minsken

“Meisto alles wèr oanpakke?” freget in mem oan har soan. “Ja,” seit er; “behalve de buorfrou.” Der wurd temûk om lake. Ik sit te wachtsjen yn de wachtkeamer fan it sikenhûs. It is tsjokfol. Hja moatte allegear bloedûndersyk ha. “Sille wy elkoar ôflosse?” seit in jong feint tsjin in âld mantsje. “Jo moatte nèt stiif [Lês mear »]

Steuring

“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man. Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat [Lês mear »]

Harkspul

It is lèt wurden. Letter dan se tocht hie. Ùs mem glûpt yn it tsjuster de trep op nei boppen. Spoekbenaud krûpt se achter de rech fan ùs heit dy al oeren leit te sliepen. Ùs mem hâld fan harkspullen. Yn en nei de oarloch hearde se nei Paul Vlaanderen, syn frou Ina en de butler Charlie [Lês mear »]

Snoeie

“Moat it noch kealer?” ropt myn man. Ik bin oan it snoeien. Wy hawwe  noch al wat beamguod om  hûs hinne. Ik ha merkbiten dat de gemeente elk seizoen oan it snoeien is. “Dat kin ik it ek.” tocht ik. En sa dwaande bin ik mei in grutte skjirre -libbensgefaarlik- oan ‘e gong. Ik bin [Lês mear »]

Memmedei

“Ik skilje efkes want it is hjoed Memmedei.” seit ùs soan. “Dat is moai fan dy dat sto der oan tocht hast.” sis ik. Myn man wie sakeman en moast der neat fan hawwe. It wie handich opset troch de middenstân fûn hy. Op it moed fan de minsken ynspylje… dat fûn hy mar neat. [Lês mear »]

Online

Geachte heer/mevrouw, uw nieuwe factuur  staat online.   “Wêrom kry ik de rekkening net gewoan troch de brievebus?“, freegje ik my sels ôf. Mar hawar, it is de tiid tink ik mar. De banken, de belesting, de streamleveransier; sy wolle allegearre online. Ekonomysk besjoen skeelt dat in ein, fansels en it giet allegearre om de [Lês mear »]

Komplement

Wy hawwe besite en prate oer alles en noch wat. Oer polityk en fansels de ekonomyske tastân. We binne it iens dat it ùs allegearre reitsje sil. Sy wol mei in grientetùn begjinne en hy sil sels oan it ferfjen. “Nò,” sis ik; “ha jimme al achterhûs sjoen? Ik ha de tùnskuttingen ferve.” “Ja, we [Lês mear »]

>