Renovaasje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 80 views

Dèr moat wat barre.” sis ik tsjin mysels. Ik stean foar de spegel yn de lift fan de soan.

Myn earste tinken wie;

– “Kin ik dat minske?
– “Wèr ha ik har earder sjoen? Hja komt osa my bekend foar.
– “Ferhip! Dat bin ik sels!
– “Mar dy spegel doocht nèt fansels…”  

Middeis stean ik yn de lift fan de flat fan in freondinne. Ek dèr sjoch ik it selde minske wèr stean. It is dus wier; dèr moat wat barre. Earst it ùterlik mar. Ik sis tsjin de kapster; “Fervje myn hier mar blond. Dèr binne safolle âlde froulju mei blond hier.” “Nò, dat soe ik nèt dwaan.” seit se; “Jo ha sok moai griis hier.

Eefkes letter sit ik by de pedekure. Op de kalkneiels nei sjocht it der goed ùt. “Wat ha jo moaie fuotten en ek noch gjin spatieren.” seit se.

Dan stean ik yn in modesaak en keapje my in seksy outfit yn in opfallende kleur. En sa kom ik thùs en freegje him; “Hoe fynst my?

Hy sjocht my op en del oan en seit; “Hoe sa?”  

Sucht. Manlju; je soene se bytiden mei de Omrin mei jaan. Dochs bin ik bliid mei de renofaasje en nèt allinne om it ùterlik mar omdat ik IK bin...

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
Soe it passe

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien