Grutsk

Ik hâld net fan lju dy grutsk op hun sels binne. Der ha ik altyd in yngeande hekel oan hân. Mar dit is wat oars; ik bin grutsk op my sels. Nei dagen fan wrotten en bealgjen is myn terraske klear. Kroaden mei ùtgroeven modder fertôge fan it iene plak nei it oare. Doe moast [Lês mear »]

Ynventyf

“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne [Lês mear »]

Oppenearje

Ik mei my noch wol es oppenearje en myn miening earne oer sizze. En dat wurd net altyd wurdeare. En omdat ik tink dat elts rjocht fan sprekken hat sis ik it yn dùdlike taal sûnder omwinen. Ik ha leard troch skeade en skande mar dochs myn aard ferleagend him net. It beperket him net [Lês mear »]

Weromsjen

Mei in bernewein sûnder kape rydt in mem mei in lyts famke troch it doarp. De boaiem wie der ùthelle. Sa koene der twa bern yn sitte. It famke wie de jongste fan fjouwer en blier as altyd. De mem moast dan ek om it hurtsje stean bliuwe. It famke waakse op yn feilige omkriten. [Lês mear »]

Ik hoech neat

Ik bin ynkoartens jierdei. Elts jier wer wurd my frege hast ek winsken. “Nè,” sis ik altiid; “ik hoech neat.” Guon minsken meitsje it hiele jier troch liskes wat sy graach ha wolle. Ha ik ek es besocht mar as it safier wie, wie ik it liske kwyt. Ik ha in spesjale kast foar presintsjes. Jo [Lês mear »]

Maitiidsridel

Ik ha gjin rêst mear yn it gat, ik ha de ridel yn it gat. Der moat fan alles om my hinne barre. De planten dy yn it hok oerwintere ha komme nei in lang skoft wer foar`t ljocht. Wat soe er noch fan oerbleun wêze? Ta myn grutte foldienes hoech ik neat wei te [Lês mear »]

De bûtekant

“Dat ding docht it net mear.” sis ik en skop tsjin de kuolkast. Dat wol wol es helpe. Dat ha ik es mei de televyzje dien do it noch net in plat skerm wie. “Moast him mar es goed skjin meitsje.” seit er. “Goed.” sis ik en triuw him in skûlk yn `e han. “Hy [Lês mear »]

De gelokkigste tiid

“Wat wie de gelokkigste tiid fan dyn libben?” freget myn freondinne. Under de kofje sitte wy wat te filesofearjen. It is stil om ùs hinne en it momint foar sokke gewissefragen. Ik wit it nèt. Fansels binne der genoch mominten west dat ik my lokkich fielde. Mar ik bin se fergetten. Fremd is dat. Wêrom kin [Lês mear »]

Nieuwsuur

Ik bin ferkâlden en fiel my heal. Noch mar efkes nei Nieuwsuur sjen en dan op bed. Mar ik bliuw hingjen. In boeiende reportaazje oer selsdeading hâld my yn ‘e besnijing. It giet oer twa froulju dy noch net sa âld fan jierren binne. De iene is eartiids ferkrêft en dat hat har fierdere libben ontwrichte. [Lês mear »]

>