Twivelder

“Ik stim nèt.” seit de soan. “En dyn pinsjoen dan?” sis ik. De oare soan is yn bettere dwaan en seit; “Ik stim VVD.” “Wêrom?” freegje ik en dan folget er in dreech petear. Oer hypoteek en ynkommen. Myn man rint mei de SP fuort. Ik wie altiid fan hûs ùt in CDA stimmer. Mar der kin [Lês mear »]

Ferwachtings

“Nearne op rekkenje, hear.” seit de soan. Hy komt miskien in pear dagen thus. Er moat fan alles yn ‘e hûs komme wer`t hy leafhawwer fan is. Want as san bern ris thus komt dan wolle jo him bedjerre. Der moat boadskippe wurde . “Grutte unsin,” seit myn man; “hy iet mar gewoan mei de [Lês mear »]

De kostumiere

“Ik wit in baan foar dy.” sei myn suster. Ik hie de hùshâldskoalle hân mar wat nò? “Moast mar fjirder yn naaien,” sei ùs mem; “der bist noch al goed yn.“ Mar ik wist it nèt. Yn de fyftiger jierren wie der foar arbeidersbern net folle kar. Fierder leare koe net: dat wie net foar my [Lês mear »]

Teapert. Haaibaai

“Ik bin it er nèt mei iens.” sis ik mei lûde stim. We hawwe besite en sitte oan de kofje. Gesellich fan sels. It petear giet al gauw oer de ekonomyske krisis. Elk hat er mei te krijen op wat foar med ek. Mar sa as altiid binne it lju mei ferskate mieningen. Elk minske [Lês mear »]

Sport

“Wat wolst sjen?” freegje ik myn man. Wy sitte foar de tillevyzje. Op alle netten is er sport. Foar Omrop Fryslân kin min kieze tusken keatsen en skûtsjesilen. Foar de oare sinders is it oars neat as Olympyske Spelen. It is krekt as bard der oars neat mear op de wrâld as oarloch yn Syrië en [Lês mear »]

Soe it passe

“Soe it passe om ùs nei it sikehûs te bringen? Wy moatte der om dy en dy tiid wèze.“ Wy binne ôfhinkelik wurden. Wy hawwe ùs libben lang elts in auto hân. Dat betsjutte selsstannigens en frijheid. Dan is der samar de tiid fan ‘Soe it passe‘? Alles goed en best mar sis nò sels; hoe fier [Lês mear »]

Brunch

“Beste Vrienden, Naar aanleiding van mijn tachtigste verjaardag wil ik jullie uitnodigen voor een brunch van 12.00 tot 14.00 uur. Bij hotel Van der Valk in Wolvega.” Myn freondinne wol har jierdei grutskalich oanpakke. Op myn fraach hoefolle minsken sy ferwachtet andert se; “Veertig. Maar it kunnen der ook meer zijn.“ “Moatte wy der hinne?” freget myn [Lês mear »]

Hûs te keap

“Ik ha in hûs op it each. Dat wol ik keapje.” sei ùs heit. “Nò al wer? Wy sitte hjir noch mar krèkt.” sei ùs mem dan. “Nè, mar it is grutter en deugliker.“ En sa ferfarren wy wer. Alles waard op in hânkarre setten. Mar foar dat it sa fier wie moast ùs heit [Lês mear »]

Sollisitearje

 “Der wurd in brêgedraaier frege.” seit ùs mem. Yn ùs doarp wiene en binne noch trije brêgen: twa lytse en ien grutte. Se moatte allegearre draait wurde. “Dat liket my wol wat.” seit se. “Dan moat mem solisitearje.” sis ik. “Wèrom?“sei se. “Nò,” sis ik; “der sille wol mear op ôfkomme.“ It is fergees wenjen [Lês mear »]

Opromje

Ik bin op ‘e souder en siikje om wat. Ik moat it hawwe, dat wit ik seker. Mar wer leit it nò? Dèr leit fan alles. Boadtersguod, Lego, kraanweinen en autotsjes. Elk wykein as wy mei de boat fuort gongen kocht ik foar de iene in autotsje en foar de oare in stripboek. En dan [Lês mear »]

>