Sport

Wat wolst sjen?” freegje ik myn man. Wy sitte foar de tillevyzje. Op alle netten is er sport. Foar Omrop Fryslân kin min kieze tusken keatsen en skûtsjesilen. Foar de oare sinders is it oars neat as Olympyske Spelen. It is krekt as bard der oars neat mear op de wrâld as oarloch yn Syrië en de OS.

Ik moat sizze; wy binne gjin sport minsken. Ùs jonges mochten eartiids in sport ùtsiikje wat hun lei. Se binne allegearre op swemmen west. Dat fûnen wy wichtich om dat wy in boat hiene. De iene socht judo ùt en de oare beide woene it leafst op it skoalplein fuotbalje. Dan ha se op de muzyksskoalle west. Dat fûn ik wer wichtich. Mar dat smite gjin seadden oan ‘e dyk.

Myn man kaam ùt in doarp wer `t de sport ek net folle wie. Yn myn doarp wie allinne korfbâl en gymnastyk en faaks wie dat op snein en dan mocht ik wer nèt.

As ik sa dy jonge lju dwaande sjoch, dan ha ik der allinne mar bewûndering foar. Wat hawwe sy der wat foar oer ha moatten om sa fier te kommen.

Wat ha wy nèt goed dyn yn ùs opfieding?” freegje ik myn man. “Der binne wichtiger saken yn it libben” andert er.

Nò wy hjir dochs sitte foar dat apparaat… sille wy oefeningen dwaan?” freegje ik him. We begjinne by de teannen en wurkje sa nei boppen ta. Ik sil wol telle.

LÊS EK:  Bijke de Stabij
  • >