Fergetten

Net ien neamt my mear by myn foarnamme.” seit se tryst. Ik ha mei har te dwaan. “Fest wol.” sis ik. “Jo binne samar fergetten.” giet se fierder; “As jo net wat spektakulêrs dien hawwe sa as in minske ùt in brânend hûs as ien ùt in wek helle ha, dan binne jo foar de ivichheid [Lês mear »]

“Iet lekker…”

Eet lekker!” ropt se en set it ieten op tafel, eltse middei wer.

Hiel freonlik hear, mar werom seit se it altyd yn it Hollânsk freegje ik my ôf. Oant ik it op in kear it net litte kin en freegje werom se dat sa seit.

“Doch ik dat?” seit se en sjocht my net begripend oan.

“Jo binne dochs in Friezinne.” sis ik.

“Ik bin trouwd mei in Hollânner en no praat ik twa talen trochinoar.” seit se.

“Goedenmorgen.” seit in oaren ien eltse moarn. “Goeiemoarn.” sis ik dan werom.

Hoe kin dat no? freegje ik my ôf. It binne hjir hast allegearre Friezen en werom ferbrekke se hun dan? Ha wy somstiden muoite mei ùs taal yn it deistige ferkear yn de deistige omgong meielkoar?

Ek yn de pleatselike supermerk praat it personiel Hollânsk tsjin de klant mar underling Frysk. Soene se eangstich weze on klandyzje te ferlizen?

Ik nim my foar om der op subtile wize sûnder twang as argewaasje wat oan te dwaan. 

“Net oerdriuwe hear.” seit de soan; “Dat wurket oarsom as op `t hynder sitte.”

“Iet lekker!”

Read more

Dag, sis ik.

Wolle jo in wurdsje sizze mei de routsjinst fan myn mem?” freget se; “Jo ha har salang kinnen.” Ik skrik erfan, it oerfalt my. Der moat ik oernei tinke. Efkes letter stjûr ik har in berjochtsje dat ik dat net dwaan kin. Ik bin der te emosjoneel  en te skrutend foar,  soks soart dingen is neat foar [Lês mear »]

Ds. Hasperskoalle hûndert jier

Mei in protte leven en gerattel komme se oanfytsen. Dizze famkes binne underweis fan Âldeboarn nei de hùshâldskoale yn Akkrum. It wie fuort nei de oarloch, it sil it jier njoggentjin achtenfjirtich west hawwe . Dat gerattel kaam ùt de fytstassen dy fol treaun wiene mei koperen tsjettels en kwispeldoors.  Hja soene koperpoetsen krije, en [Lês mear »]

Ferslave

Ferslave. Ik bin it type dat maklik ferslaafd wurde kin. Derom sil ik nea in oardiel hawwe oer ferslaving.  Ik wit fan mysels dat de ferlieder by alles wat ik doch op `e loer leit.  It probleem is; ik kin mysels, myn swakkens en myn sterkens. As it gesellich is makket it neat ùt wannear, dan [Lês mear »]

Foarlêze

Wolle jo ien middei yn de wike foarlêze?” freegje se my. Ik wol graach wat foar de mienskip dwaan mar ik bin net oerâl like goed yn, Foarlêze like my dochs wol wat mar dat is makliker sein as dien. De earste kear foel tsjin: foar dat ik goed en wol ùt ein set wie, [Lês mear »]

Hernia

Ik bin by de pinepoly fan it sikenhûs. Nei dat ik my oanmeld ha gean ik sitten en ferfeel my mei blêden dy âlder binne dan ik sels. Nei in skofke komt er in jonge frou  yn de wachtkeamer. Se sit yn in weintsje treaun troch in jongeman. Behelpsum freget er har wert se sitte [Lês mear »]

De mem de frou

De boekenwike 2019  stie yn it teken fan ‘De moeder de vrouw‘. Hiel yntresant en dat brocht my op it idee om es oer ùs mem te skriuwen want dat ha ik yn al myn skriuwsels nea dien. Mar dat falt net mei want ùs mem hie folle kanten: se hat har nea deljaan kinnen [Lês mear »]

Mist wurde

Pier is juster ferstoarn.” seit in bewenner tsjin my. We bliuwe efkes stean en hawwe it oer de ferstoane. Ik ha Pier wol fjirtich jier kinnen, hy wenne mei syn frou ticht by ùs. We hiene in ‘klik’ sa `t hja hjoed-de-dei sizze. Altyd efkes swaaie as in praatsje oer it waar en de bern. [Lês mear »]

Weemoedigens

Trije dagen efterinoar lizze der leedbrieven by ùs op de doarmatte, fan trije lju dy wy goed kinnen hawwe, de iene better as de oare. Se binne foar in grut part in ein mei ùs oprûn op ùs libbenswei. Ik gean der by sitten en lit se stik foar stik oan myn eagen foarby gean. [Lês mear »]

>