
Trije dagen efterinoar lizze der leedbrieven by ùs op de doarmatte, fan trije lju dy wy goed kinnen hawwe, de iene better as de oare.
Se binne foar in grut part in ein mei ùs oprûn op ùs libbenswei.
Ik gean der by sitten en lit se stik foar stik oan myn eagen foarby gean.
Op ferskate wegen binne wy elkoar tsjinkaam. De iene troch it tsjerkelik wurk, en de oare troch houlik. De lêste as wurknimmer, dat fjirtich jier duorje mocht.
Mei elkoar oprinne, dat betsjut hichte- en djiptepunten mei-inoar diele.
Se litte in fremd, leech gefoel by my nei. It wie ommers sa gewoan, se wiene der altiid by.
Ik tear de leedbrieven mei weemoedigens op en bin tankber dat ik dizze minsken yn myn libben moetsje mocht.
Weemoedigens…
Your article helped me a lot, is there any more related content? Thanks!
Your article helped me a lot, is there any more related content? Thanks! binance konto
I don’t think the title of your article matches the content lol. Just kidding, mainly because I had some doubts after reading the article.