All Posts By Wokke

Foarlêze

troch Posted on 1 Comment 1 min read 255 views
Foto troch Lilly Rum fan Unsplash
Wolle jo ien middei yn de wike foarlêze?” freegje se my.

Ik wol graach wat foar de mienskip dwaan mar ik bin net oerâl like goed yn,

Foarlêze like my dochs wol wat mar dat is makliker sein as dien. De earste kear foel tsjin: foar dat ik goed en wol ùt ein set wie, wie de helt al yn sliep fallen.

Geandewei waard it better. Ik hie troch dat it koarte stikjes wêze moasten. En se moasten fuortendaliks oandacht lûke.

In kollega hie in stikje oer behingjen  makke. Myn buorfrou fan hûnderd fearre oerein. “Dat ha ik faker dien.” flùstere se.

Ek it teltsje oer pankoekbakken sloech oan, se begûnen om it hurdst te roppen.

“Nije wike wer hè?” rôp âlde Jilderd en treaun net sêftsinnich de rollater foar him ùt.

“Hoe fûnen jo it, Adema?” frege ik.

“Moai lêzen hear. Ik koe net alles hearre mar dat lei him oan my.”

Foarlêze.

Hernia

troch Posted on 1 Comment 1 min read 290 views
– Fotograaf ûnbekend. –
Ik bin by de pinepoly fan it sikenhûs.

Nei dat ik my oanmeld ha gean ik sitten en ferfeel my mei blêden dy âlder binne dan ik sels.

Nei in skofke komt er in jonge frou  yn de wachtkeamer. Se sit yn in weintsje treaun troch in jongeman.

Behelpsum freget er har wert se sitte wol, en as se it wol waarm genoch hat.

Hoeden triuwt er har by de tafel. Ik skat har op noch gjin tritich jier.

Ik begjin in praatsje en al ridlik gau komt se los. Se seit dat se in harsenblieding hân hat.

“It is in ramp foar my,” seit se; “ik wie krekt begûn as selfsstannige undernimmer.”

Se kin it net droech hâlde en ik krij it ek te krap.

“Mar se krije my der net ûnder.” seit se striidber en faget de triennen oan de jas ôf.

Myn namme wurdt roppen.

Wat doch ik hjir eiglik? freegje ik my ôf. Ik wol fuort mar de dokter stiet al yn de doar.

Hernia.

De mem de frou

troch Posted on 0 Comments 1 min read 408 views

De boekenwike 2019  stie yn it teken fan De moeder de vrouw‘.

Hiel yntresant en dat brocht my op it idee om es oer ùs mem te skriuwen want dat ha ik yn al myn skriuwsels nea dien.

Mar dat falt net mei want ùs mem hie folle kanten: se hat har nea deljaan kinnen yn it doarp wert se wennen. Dat lei net oan de minsken as oan it doarp mar oan har sels, sy koe gjin oansluting fine by har doarpsgenoaten .

En as jo dat net kinne, dan binne jo bûten sluten.

Mar as it de middei fan it folksdûnsjen wie, dan stie se ier en betiid ferklaaid klear. Dagen moasten wy oanhearre hoe moai as it west hie en dy se de paskes foar dy sy leard hie.

En dan noch it foardragen: dan feroare se, se strielde en wie net de mem dy ik koe.

Net eltsenien koe dy kant fan har wurdearje want yn dy tiid moasten jo gewoan weze sa as oaren wiene.

De mem de frou: net maklik foar dy jinge dy har leaf hiene.

No ik âlder wurden bin, tink ik noch faak oan har. Wat hie se har untwikkelje kinnen mei al har talinten as se yn dizze tiid libbe hie.

De mem de frou.

Mist wurde

troch Posted on 3 Comments 1 min read 422 views
Foto troch Suzy Hazelwood fia Pexels [klik foar grut]
Pier is juster ferstoarn.” seit in bewenner tsjin my. We bliuwe efkes stean en hawwe it oer de ferstoane.

Ik ha Pier wol fjirtich jier kinnen, hy wenne mei syn frou ticht by ùs. We hiene in ‘klik’ sa `t hja hjoed-de-dei sizze.

Altyd efkes swaaie as in praatsje oer it waar en de bern. Ik sil him misse mei syn gekjeierij.

Yn ùs nije omjouwing gean gauris minsken dea, faaks troch âlderdom.

De iene seit jo mear as de oare mar eltse kear rekket it my hoewol ik somtiden de persoan hielendal net kint ha.

“Wat soe dat foar minske west ha?” freegje ik my dan ôf. “Hat se wat neilitten foar de minsken om har hinne?”

En dan ha ik it net oer it ierdske guod mar oer it wêzen fan dyjinge.

Hat hy as sy waarmte en meiminslikheid utdield, de wrâld in bytsje better makke?

Mist wurde…

Weemoedigens

troch Posted on 1 Comment 1 min read 193 views
Foto: Michael Gaida | PixaBay
Trije dagen efterinoar lizze der leedbrieven by ùs op de doarmatte, fan trije lju dy wy goed kinnen hawwe, de iene better as de oare.

Se binne foar in grut part in ein mei ùs oprûn op ùs libbenswei.

Ik gean der by sitten en lit se stik foar stik oan myn eagen foarby gean.

Op ferskate wegen binne wy elkoar tsjinkaam. De iene troch it tsjerkelik wurk, en de oare troch houlik. De lêste as wurknimmer, dat fjirtich jier duorje mocht.

Mei elkoar oprinne, dat betsjut hichte- en djiptepunten mei-inoar diele.

Se litte in fremd, leech gefoel by my nei. It wie ommers sa gewoan, se wiene der altiid by.

Ik tear de leedbrieven mei weemoedigens op en bin tankber dat ik dizze minsken yn myn libben moetsje mocht.

Weemoedigens

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien