All Posts By Wokke

Pas op inoar,
dat is it beste

trochPosted on 2 Comments0min read1810 views

Wolsto dy yninte litte tsjin de corona?

Dat is de wichtichste fraach hjoed de dei. De minsken om my hinne binne yn de war; wat is it beste? De bern wurde skille, sels witte se it ek net wat te dwaan.

Fan heger hân witte se it ek net, seit min. Min kin kieze: moarn yn Ljouwert of pas folle letter hjir, yn it tehûs.

Hoe komme wy yn Ljouwert? En de bern fine dat it sa gau mooglik gean moat.

'It skeelt wol twa wike mei de GGD,'  sizze se, 'we binne twa wiken langer beskerme.'

Wat is dat op in minskelibben, twa wike? 'Leaver hjoed as moarn.' seit de soan.

'Ik bin oan alle kanten beskerme,' sis ik, 'Ik ha as popke al hiel lyts ûnder in protte gegûl ynjeksjes hân en bin tachtich jier wurden.'

It hoecht om my net, al dy heisa. Mar ik bin mar taskouwer en hear nei de lju om my hinne.

Pas op inoar, dat is it beste...

Optimistysk bliuwe...

trochPosted on 1 Comment1min read980 views
Foto troch Snowscat fan Unsplash
Hy soe er rûn kofjetiid wêze.

Ier en betiid fan bêd ôf, fansels. Einliks al yn de nacht oan it skarreljen. Want sa bin jo as mem. Hâldt hy no fan reade wyn as rosé? Bier net, dat wit ik noch wol. In pear gebakjes kocht en ik bin er klear foar.

Mar it wurdt letter en letter en gjin soan te sjen. 'Kom mar wat letter.' ha ik noch sein; 'It is hartstikke glêd.'

De telefoan giet. Hy seit: 'Ik mocht er net yn want mem hie fane wike al ien op besite hân. D'r mei mar ien besyker iene wike komme.'

Hy is wer nei hûs gong. Ik ha de Oranjekoeke yn de djipfries dien en de wyn yn de goatstien lege.

Ien minske mei op besite komme, mar wa? Hoe moatte wy dat no hawwe? We hawwe twa soannen...

Rinne wy no net mear emosjoneel skea op dan troch it firus? freegje ik my ôf.

Oant nije wike, hear. Jimme moatte ûnderling mar útfjochtsje wa komme mei as wa net. As it mar ien persoan is.'

Optimistysk bliuwe. Wa sei dat ek wer?

Oankrûpe

trochPosted on 1 Comment1min read1051 views

We steane tegearre foar de kassa yn de supermerk, de man en ik.

Ik wit net wat it is mar somtiden dan springt er in fonk oer. Hy wie my al earder op fallen, do bleaun it by in knikje.

Ik bin hjoed wat yn in dwerse bui, dat hat min wol es, wat der de reden fan is?

It begûn al by de haadyngong. Der hâlden se my tsjin omdat myn noastergatten te sjen wiene, en dat is in útnoeging foar it firus, seine se. En sis no sels, wa wol der no ynsitte?

Efkes letter stean ik yn de supermerk. Ik hâld my netsjes oan de giele strips dy't oeral op 'e flier plakt binne.

Mar de man dy my al earder opfallen wie lit my foar gean. It  kassafrommeske ropt; "Jullie moeten je aan de strips houden, hoor!"

"Ha jo in sintimeter by jo? Dan sil ik it efkes útmjitte." seit er. Ik hear it wol, wy sitte yn deselde dwerse bui. 

"Mar as dat net mei, mei ik jo dan wol efkes oankrûpe?" freget er gnizend efter syn mûlkapke.

"Nee," sis ik. "der moatte jo mei wachtsje dat alle golven oer ús hinne gong binne. De tiid fan oankrûpen en ôfstân hâlde is noch net foarby!"

Ik set it mûlkapke op en gean fuort. It krûpke komt wol as it mei fan de tiid...

Kryststikje fan it Libben

trochPosted on 3 Comments0min read1287 views

Troch de coronarigels wurdt er troch de fersoargingshûzen fan alles útfûn om de minsken mar ôflieding te jaan. Ek oan my waard de fraach steld; "Wer hâlde jo fan?" Der moast ik oer neitinke.

Spultsje dwaan as kryststikjes meitsje?
Kryststikjes meitsje kin ik ek net -ik bin net kreatyf- mar ferhalen fertelle, dat kin ik dan wer wol..

Spultsje dwaan wol ik net, ik kin net oer ferlies. Ik moat my ta de tienen út skamje; it hat my nea boeie kinnen. Wol doe de bern lyts wiene mar letter net mear, doe hie ik wichtiger dingen oan 'e holle krige.

Damjen en skaken, dat waard noch wol dien, mar der wûn de telefyzje it úteinlik wer fan. Ik fernuverje my er alle dagen wer oer wat men noch wit fan dy âlde spultsjes.

"Krystkaarten meitsje, dat is wat foar jo." sei se, en skoud my in oerbiede doaze mei materialen oan. Oan in grutte rûne tafel sitte fjouwer froulju, hja ha keazen foar de krystkaart.

It begjint al mei in protte steuring, se wolle allegearre deselde skjirre ha. Ek oan de sulveren ingel wurdt lutsen.

Ik hâld my ôfsidich en fernuverje my oer safolle kriich op dy âldens.

It is stil wurden, einliks hat elk syn opdracht fûn. Ik sjoch om my hinne en tink 'wat foar minsken binne dit no?  want dát boeit mij.

'Wa bin dit? Wat ha se yn har lange libben dien? Wat ha sy meimakke?'

Stadichoan wurdt it stiller en ûnder it plakken en knippen troch komme de ferhalen los. In frommeske hat altyd in blommesaak hân, mei feardige fingers siket se om it juste tûkje en stjerke.

Mar de measte fingers binne te grau troch it swiere wurk wat se har libben lang dien hawwe.

It grutste part hat buorke, se ferhelje oer minne jierren mar ek oer de goeie, do alles noch yn de fleur wie.

Wylst de kryststikjes groeie ûnder de fingers, sit ik boeit te lústerjen. De tiid flócht om.

Mei grutte bewûndering sjoch ik nei dizze froulju,

it moaiste kryststikje sit rûn de tafel, it is net nei te meitsjen.

Diagnoaze (2)

trochPosted on 2 Comments1min read1180 views

Ik sit by de buorlju, sy hat in drege tiid efter de rêch en wol it wol graach oan ien kwyt.

En al gau is it ies tusken ùs beide brutsen. As jo op leeftiid binne, dan hat min it faaks  oer eartiids en komme jo pratende wei by goekunde te lâne.

Ynienen komt myn hùsarts it hûs ynstowen, giet foar my stean en ropt; "Jo moatte no daliks nei it sikehûs! De planning wie moarnmiddei mar min wol dat it no daliks oangean moat..."

Ik bin net gau fan 't stik mar no wol en freegje mei triljende stimme; "Bin ik yn libbensgefaar, dokter?"

"Né," seit er, "mar it sikehûs wol dat jo daliks komm. Se sille wol har reden hawwe."

Mar as ik mei triljende stimme sis; "Wa past er dan op Stientsje? Dy kin net sûnder my." en gean fierder mei in oerslaande stim; "Wa hat in auto en wa wol my der hinne bringe?"

De man oan de lofterkant doart net yn it tsjuster te riden, de buorman oan de oare kant hat de auto krekt fuort dien en hat allinnich syn rollator noch.

Mar dan komt der in frommeske fan it hûs oandraven. "Ik gean wol mei." seit se.

En kordaat pakt se my beet en gean wy op paad. By oankomst steane se al klear om my op te heinen.

"Jo kinne gjin ieten as drinken krije, hear. Jo moatte nochter wêze." seit it haad en giet wylst nei in oare pasjint.

Nei in nacht fan draaien en stinnen wurd ik ier en betiid ophelle en wurd beplakt mei elektryske triedden fan ferskate kleuren. "Sa, jo binne der klear foar." seit it famke, "Se kinne jo ophelje." en lit my allinnich.

Nei oeren wachte te hawwen mei in roppige mage en in kâld boppeliif komt er in jong fintsje oanstowen. Dat blykt de sjirurch te wêzen.

"Sorry hoor," seit er hymjend, "maar de ingreep gaat niet door. We gaan een plaspil proberen." Ik bin ferbjustere. ik bin er klear foar en noch nochter ek.

"Jo treffe it, dokter,"  sis ik, "dat ik nochteren bin. Oars hiene jo ek kennismeitsje kinnen mei de net-nochtere kant fan my." Hij kin der net om laitsje.

Efkes letter gean ik nei hûs. De sjirurch hat sels foar ferfier soarge. Dat dan wol wer.