All Posts By Wokke

Diagnoaze (2)

troch Posted on 3 Comments 1 min read 838 views

Ik sit by de buorlju, sy hat in drege tiid efter de rêch en wol it wol graach oan ien kwyt.

En al gau is it ies tusken ùs beide brutsen. As jo op leeftiid binne, dan hat min it faaks  oer eartiids en komme jo pratende wei by goekunde te lâne.

Ynienen komt myn hùsarts it hûs ynstowen, giet foar my stean en ropt; "Jo moatte no daliks nei it sikehûs! De planning wie moarnmiddei mar min wol dat it no daliks oangean moat..."

Ik bin net gau fan 't stik mar no wol en freegje mei triljende stimme; "Bin ik yn libbensgefaar, dokter?"

"Né," seit er, "mar it sikehûs wol dat jo daliks komm. Se sille wol har reden hawwe."

Mar as ik mei triljende stimme sis; "Wa past er dan op Stientsje? Dy kin net sûnder my." en gean fierder mei in oerslaande stim; "Wa hat in auto en wa wol my der hinne bringe?"

De man oan de lofterkant doart net yn it tsjuster te riden, de buorman oan de oare kant hat de auto krekt fuort dien en hat allinnich syn rollator noch.

Mar dan komt der in frommeske fan it hûs oandraven. "Ik gean wol mei." seit se.

En kordaat pakt se my beet en gean wy op paad. By oankomst steane se al klear om my op te heinen.

"Jo kinne gjin ieten as drinken krije, hear. Jo moatte nochter wêze." seit it haad en giet wylst nei in oare pasjint.

Nei in nacht fan draaien en stinnen wurd ik ier en betiid ophelle en wurd beplakt mei elektryske triedden fan ferskate kleuren. "Sa, jo binne der klear foar." seit it famke, "Se kinne jo ophelje." en lit my allinnich.

Nei oeren wachte te hawwen mei in roppige mage en in kâld boppeliif komt er in jong fintsje oanstowen. Dat blykt de sjirurch te wêzen.

"Sorry hoor," seit er hymjend, "maar de ingreep gaat niet door. We gaan een plaspil proberen." Ik bin ferbjustere. ik bin er klear foar en noch nochter ek.

"Jo treffe it, dokter,"  sis ik, "dat ik nochteren bin. Oars hiene jo ek kennismeitsje kinnen mei de net-nochtere kant fan my." Hij kin der net om laitsje.

Efkes letter gean ik nei hûs. De sjirurch hat sels foar ferfier soarge. Dat dan wol wer.

 

Hightea

troch Posted on 4 Comments 1 min read 1114 views
Foto troch Jess Bailey fan Unsplash
Wert ik al benauwd foar wie is fannewike bard; de omkriten fan de tafels binne yn 'It Fermidden' grutte rûmtes wurden. Der meie no mar twa man om in tafel sitte en oardel meter der tusken.

No, dan witte jimme it wol, tink?

De lju binne âld en hurdhearich, der wurdt hiel wat ôfroppen en raast.

Juster hiene wy Hightea en Kletspot yn niisneamde grutte seal. Wat dat wie wist ik net. It dy bliken dat wy meielkoar prate koene oer it middeis-iten. As wy der klachten oer hiene, dan koene wy dy dan melde.

No, der kaam nochal wat los fansels, komplimintsjes mar ek krityk.

It frommiske dy it petear wat yn goeie banen leide moast koe it hast net bypoatsje.

De fragen gongen ûnder oaren oer 'Wat moat er feroare wurde?' en 'Wat mei er net feroare wurde?'

Min woe ek wer it sâltlokje op tafel hawwe, it iten wie fierste larderich. En dan noch wie de griente net gear genoch, mar hja prate mei leafde oer de Potstro en de prommebôle fan eartiids.

Wylts mocht de Hightea net fergetten wurde, fansels. Kofje mei gebak en snobbersguod kamen rap foarby. Mei in abbekaatsje waart it ôfsletten,

Goed om alles es op in rigeltsje te setten, witte wert beide partijen oan ta binne,

Der giet neat boppen tefreden en lokkige bewenners yn Corona-tiid, ist net wier?

Mei elkoar wiene se it iens. Se hiene it hjir goed.

It hie minder kinnen...

Ferdraachsemens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 508 views
Foto troch Christian Langballe fan Unsplash
Wij binne wer foar in part yn it âldereinhûs beheind, net sa as mei de earste coronagolf want dat wie frjemd foar elkenien, mar mei dizze golf is it oars.

Elke dei lizze der wer oare berjochten yn de brievebus en elke dei moatte wy ùs wer oan oare, nije rigels hâlde.

It is krekt wat Rutte op dat momint foarskriuwt. De man hat it ek net maklik, hy docht it nea goed, fansels...

Ik mien foar mysels dat ik nochal fleksibel fan aard bin, mar dat blykt sa net te wêzen. Ik lear mysels dizze dagen kinnen (foar safier ik dat noch net wist 😁).

Ik begjin my op te winen oer praat as 'Wer is jo mûlkapke?' en 'Jo komme te tichteby!' 

It is stil wurden yn dit hûs, hja hat him of har werom lutsen. Hja hawwe eangst krigen foar dy ûnsichtbere fijân. Elkenien kin it ommers oerbringe!

De sibben skilje my alle dagen, en sizze dan: 'Net ien oankrûpe en ek net tùtsje, hear!' Se ferjitte dat it hjir allegearre minsken op leeftyd binne, hoe soe ik hjir noch yn de ferliding komme kinne?

Ien ding is wis: dizze pandemy hat ùs wol op ússels smiten. Wy hawwe it no mei ússels te krijen, wès mild foar dyn persoan én dyn meiminsken.

Ferdraachsemens. It falt net altyd mei...

Spannende tiden

troch Posted on 3 Comments 1 min read 935 views
Foto troch Shahin Khalaji fan Unsplash
Der stiet hja yn 'It Fermidden' (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs.

En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten.

'Wa is sy?, wurdt er flústere, 'Kinst sto har?' 'In nije bewenner, seit er ien.

'Ne, der is sy te jong foar. Se sil wol yn it bestjûr sitte.' tinke se.

En dan nimt sy it wurd; der is besmetting fûn op in oare ôfdieling fan it hûs.

De minsken begjinne trochelkoar hinne te praten en dan baarne de fragen los: 'giet ùs lèsmiddei wol troch?' En 'meie wy noch wol bridsje as spultsjes dwaan?'

Foar guon lju is it wat tefolle en wol der mear fan witte. In minske fan omtrint hûnderd ropt: 'Mei ùs Geale wol komme?'

De oanwêzigen moatte it earst besinke litte. Mens erger je niet en it damjen lizze er rommelich by.

Wy, dy oan de 'goeie' kant fan it gebou wenje en noch net besite hân ha fan it firus, skriuwe in kaart mei in bemoedigjende tekst er op.

Binne hjirre wol geskikte teksten foar? freegje ik my ôf...

Spannende tiden, dat binne it.

Werom- en foarùtsjen

troch Posted on 1 Comment 1 min read 770 views

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan.

En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal.

Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid moat dat er by.

We wurde yn groepkes ferdield, en foar eltse groep is er ien dy `t de petearen stjûre moat. En dat sil nedich weze want eltse bewenner hat it wer oars belibbe.

It is foar de direktrise net makkelik om de gearkomst yn alle rêst te lieden.

Myn buorfrou besiket er hieltyd tusken te kommen, mar se is dôf en sjocht min. In oar âld wyfke ropt mei lûde stimme; 'Jimme prate te lang, ik wol ek wat sizze!'

Ik besykje wat posityfs te sizzen mar kom er net troch hinne.

Sa sjogge jo mar wer dat it nedich is om de lju prate te litten oer hoe sy de Corona-tiid ûnderfûn hawwe. Foarùt sjen en hoopje dat it nèt werom komt, der binne wy it meielkoar oer iens,

Elts giet wer nei syn eigen hûs want it waarme iten stiet al op tafel.

Werom- en foarùtsjen... Ek as jo benei hûnderd binne?