Ferdraachsemens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 164 views
Foto troch Christian Langballe fan Unsplash
Wij binne wer foar in part yn it âldereinhûs beheind, net sa as mei de earste coronagolf want dat wie frjemd foar elkenien, mar mei dizze golf is it oars.

Elke dei lizze der wer oare berjochten yn de brievebus en elke dei moatte wy ùs wer oan oare, nije rigels hâlde.

It is krekt wat Rutte op dat momint foarskriuwt. De man hat it ek net maklik, hy docht it nea goed, fansels...

Ik mien foar mysels dat ik nochal fleksibel fan aard bin, mar dat blykt sa net te wêzen. Ik lear mysels dizze dagen kinnen (foar safier ik dat noch net wist 😁).

Ik begjin my op te winen oer praat as 'Wer is jo mûlkapke?' en 'Jo komme te tichteby!' 

It is stil wurden yn dit hûs, hja hat him of har werom lutsen. Hja hawwe eangst krigen foar dy ûnsichtbere fijân. Elkenien kin it ommers oerbringe!

De sibben skilje my alle dagen, en sizze dan: 'Net ien oankrûpe en ek net tùtsje, hear!' Se ferjitte dat it hjir allegearre minsken op leeftyd binne, hoe soe ik hjir noch yn de ferliding komme kinne?

Ien ding is wis: dizze pandemy hat ùs wol op ússels smiten. Wy hawwe it no mei ússels te krijen, wès mild foar dyn persoan én dyn meiminsken.

Ferdraachsemens. It falt net altyd mei...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Previous
Spannende tiden

0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x