Kryststikje fan it Libben

troch Posted on 3 Comments 0 min read 335 views

Troch de coronarigels wurdt er troch de fersoargingshûzen fan alles útfûn om de minsken mar ôflieding te jaan. Ek oan my waard de fraach steld; "Wer hâlde jo fan?" Der moast ik oer neitinke.

Spultsje dwaan as kryststikjes meitsje?
Kryststikjes meitsje kin ik ek net -ik bin net kreatyf- mar ferhalen fertelle, dat kin ik dan wer wol..

Spultsje dwaan wol ik net, ik kin net oer ferlies. Ik moat my ta de tienen út skamje; it hat my nea boeie kinnen. Wol doe de bern lyts wiene mar letter net mear, doe hie ik wichtiger dingen oan 'e holle krige.

Damjen en skaken, dat waard noch wol dien, mar der wûn de telefyzje it úteinlik wer fan. Ik fernuverje my er alle dagen wer oer wat men noch wit fan dy âlde spultsjes.

"Krystkaarten meitsje, dat is wat foar jo." sei se, en skoud my in oerbiede doaze mei materialen oan. Oan in grutte rûne tafel sitte fjouwer froulju, hja ha keazen foar de krystkaart.

It begjint al mei in protte steuring, se wolle allegearre deselde skjirre ha. Ek oan de sulveren ingel wurdt lutsen.

Ik hâld my ôfsidich en fernuverje my oer safolle kriich op dy âldens.

It is stil wurden, einliks hat elk syn opdracht fûn. Ik sjoch om my hinne en tink 'wat foar minsken binne dit no?  want dát boeit mij.

'Wa bin dit? Wat ha se yn har lange libben dien? Wat ha sy meimakke?'

Stadichoan wurdt it stiller en ûnder it plakken en knippen troch komme de ferhalen los. In frommeske hat altyd in blommesaak hân, mei feardige fingers siket se om it juste tûkje en stjerke.

Mar de measte fingers binne te grau troch it swiere wurk wat se har libben lang dien hawwe.

It grutste part hat buorke, se ferhelje oer minne jierren mar ek oer de goeie, do alles noch yn de fleur wie.

Wylst de kryststikjes groeie ûnder de fingers, sit ik boeit te lústerjen. De tiid flócht om.

Mei grutte bewûndering sjoch ik nei dizze froulju,

it moaiste kryststikje sit rûn de tafel, it is net nei te meitsjen.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
3 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Rob Alberts

Mooi beschreven.

Ik lees graag bij jou.

Stille groet,

eamel

Ien fan mem har bettere stikjes. En dat mien ik.

Ûs memmeminske is altiid al wat mear in obserfearder fan minsken west (hjit dat sa?). Wylst de rèst fan it gesin oer it algemien neat fan minsken ha moat, is dat bij mem krekt it tsjinoergestelde.Hiel frjemd.  

Previous
Diagnoaze (2)

3
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x