Pas op inoar,
dat is it beste

troch Posted on 3 Comments 0 min read 648 views

Wolsto dy yninte litte tsjin de corona?

Dat is de wichtichste fraach hjoed de dei. De minsken om my hinne binne yn de war; wat is it beste? De bern wurde skille, sels witte se it ek net wat te dwaan.

Fan heger hân witte se it ek net, seit min. Min kin kieze: moarn yn Ljouwert of pas folle letter hjir, yn it tehûs.

Hoe komme wy yn Ljouwert? En de bern fine dat it sa gau mooglik gean moat.

'It skeelt wol twa wike mei de GGD,'  sizze se, 'we binne twa wiken langer beskerme.'

Wat is dat op in minskelibben, twa wike? 'Leaver hjoed as moarn.' seit de soan.

'Ik bin oan alle kanten beskerme,' sis ik, 'Ik ha as popke al hiel lyts ûnder in protte gegûl ynjeksjes hân en bin tachtich jier wurden.'

It hoecht om my net, al dy heisa. Mar ik bin mar taskouwer en hear nei de lju om my hinne.

Pas op inoar, dat is it beste...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
3 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Rob Alberts

Wat is wijsheid?
Ik weet het niet meer met alle verwarrende veranderende berichten.

Stille groet,

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

elske

Wat der ek is keazen, ik hoopje dat jim mei elkoar no wer foarút sjen kinne en in moaie maaitiid yn de mjitte gean. Ik moat noch in tiid hiel foarsichtich wêze.

Previous
Optimistysk bliuwe...

3
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x