All Posts By Wokke

Kringloop

trochPosted on 2 Comments0min read569 views

In stikje Boarn

trochPosted on 0 Comments1min read313 views

“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”

Se binne in pear dagen oan it snoeien west.

Wol acht man gongen der oer gear. Al it grien moast foart.

Ek in rychje Bjirke beammen gongen tsjin de flakte, se hiene wol in pear jier wurk hân om sa grut te wurden. Enorme stobben waarden by de dyk set.

Der waard in ridend toilet ûnder de lêste Bjirk del set. ‘Dy mei libjen bliuwe’, seine se fan heger hân.

En sa ha ik in moai ûtsicht krige; in stikje Boarn is er foar yn ‘t plak kaam. In stream wert ik oan berne bin.

En dochs moast ik mei blidend hert ôfsky nimme fan ‘myn’ griene freonen.

Freonen, dy my troch in drege tiid fan fertriet en blidens hinne sleept hawwe. Oan alles komt in ein.

Mar ek In Nij Begjin

It ferskil

trochPosted on 1 Comment1min read842 views
Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is.

Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen.

It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte.

Sy en ik waarden âlder en gongen elk nei in fersoargingshûs. Sy nei in tehûs wat by har begoedige achtergrûn paste, en ik nei in hûs foar âlderein wat hja hjir in ‘Mienskip’ neamd.

In mienskip wert elkenien noed foar inoar hat. As jo mei ferlies te meitsjen krije, stean hja om jo hinne.

‘Wy hawwe it net sa mei in oar,’ seit se, ‘hjir wenje allinnich minsken dy yn goede dwaan binne.’

Né, ús mienskip We binne d’r foar inoar. Tige bliid mei.

Mei de taksy

trochPosted on 1 Comment2min read286 views
Binne jo kristen?”, freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd.

Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy.

Op de hinnereis hie ik in Fryske garaazjehâlder út as bestjoerder en op weromreis dizze jonge man út Rotterdam. Neat op oan te merken, beiden wiene op tiid en beiden hawwe in kreaze en skjinne auto.

Nei dat lêstneamde twa froulju yn Den Haag offset hat, docht de TomTom de rest.

“Ik zal mij even voorstellen, wij zijn nog niet thuis.” begjint hy. “Ik ben die-en-die, Iraniër en woon in Rotterdam. Ik ben sinds enkele weken eigenaar van deze taxi en dus ZZP’er.”

Nei dat wy oan inoar foarsteld binne, giet de reis op de drokke diken fierder.

En jitris komt de fraach: “Bent U een christen?” Ik anderje skruten; “Ik probeer het te zijn.” Ik freegje my sels ôf; werom doch ik no sa oneigen? Ik ha dochs oeral in antwurd op?

“En U?”, sis ik dan mar, “Gelooft U ook ergens in?”

“Ja,” seit er, “ik ben Islamiet. Mohammed is mijn grote voorbeeld.”

It wurdt efkes stil yn de taksy. Wat moat ik der no op sizze? As hy der no steun en treast fan hat, werom net?

Nei in lange rit set hy my út. We binne byinoar kaam, soe dat ek sa net yn it grutte wrâldbarren barre moatte?

Ik winskje him sukses mei sy eigen taksy en hope mar inoar wer es tsjin te kommen…

Toskedokter

trochPosted on 1 Comment1min read304 views
Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn.

Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle.

As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper!

Der sieten se allegearre op in rigele tsjin de muorre oan; froulju as manlju troch in oar hinne. De iene moast knipt wurde en in oare skeard. Der siet ik dan tusken en hie de earen wiet iepen.

Hawar. As lêste klant fan de toskedokter gong ik dûnsjend nei hûs ta, de holle fol mei ferhalen oer minsken dy my tige dierber wiene, minsken fan myn doarp.

Troch de jierren hinne haw ik plichtsgetrou it gebit neisjen litten, mar it wie oars as eartiids.

Ik ha in ôfspraak makke mei myn nije toskemonteur, de âlde is mei pensjoen. It is in man fan bûtenlânske komôf. In sympatike man hear, dat wol, mar wy moatte wol oaninoar wenne.

Hy wit neat fan it bankje út myn doarp, en ik wit neat fan syn jeugd. Spitich.

It betrouwen moat noch komme, hat myn gebit dêr noch de tiid foar?