Femyljeberjochten

Jan, kinst sto Pieter fan Ale en Jantsje noch? Nò, dy is dea en hy is net sa âld wurden.’ Ik skilje mei myn broer út myn doarp. De Ljouwerterkrante is krekt kaam en dan sjoch ik earst nei de famyljeberjochten. Soe der ien by wêze dy ik kin? In frjemde gewoante, ik jou it … Read more

Aldjiersgrappen

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Der giet wer in hurde knal, ús hûn spat by de glêzen op. Hy net allinne, mar ek wy skrikke ús by tiden hast dea. Al dagen giet it sa. “Wer is ús wykplysje?“, freegje wy ús ôf. Sokke dagen gean faaks myn tinzen nei myn doarp werom. Ik hie twa bruorren dy dan mei … Read more

Folle seine en frede

De boadskippen binne yn ‘e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme. Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my … Read more

Boelguod

“Ik ha it kammenet fan ùs mem oan myn skoandochter jûn.“, seit myn suster troch de telefoan. Ik sis ferbjustere: “Wèrom dat?” “Nò, it fûl hast ùt elkoar en ik hie myn nocht der fan.“ Yn myn tinzen bin ik amper trije jier en stean mei myn heit yn doelhof yn Âldeboarn. De herfoarmde dûmny is … Read more

Kryst- en Âldjierswinsken

“Ik doch dit jier der nèt oan mei…“, sis ik tsjin myn man. “Wer oan mei?“, freget er. Hy sit mei de holle earne yn in fier lân wer in protte reboelje is. It kostet hânnen fol jild en wat in wurk, gean ik unfersteurber fierder. Ik ha it oer kryst- en nijjierskaarten. Elts jier … Read more

Facebook

“Mem moat op Facebook.”, seit myn soan. Se binne in wykein thus mei twa hûnen ùt Portugal. Wat is it gesellich. Sokke tiden wurd der hiel wat ôfpraat. Ek de hûnen skine har aventoeren oan elkoar kwyt te kinnen. De taal skynt gjin swierichheid te jaan. “Wèrom moat ik op Facebook?“, freegje ik.  “Mem hat … Read more

Swarte Merk Sùdlaren

It is ier yn de moarn as wy yn de grutte hallen fan de Prins Bernardhoeve oan komme. Sneon en Snein sil der in beurs wèze. It tema fan dizze twa dagen is Hobby & Creatief. Troch dat myn freondinne yn de handel sit frege hja my om har te helpen om de stand op … Read more

Harkje

Hearst my wol?“, freegje ik myn man. Ik ha in hiel ferhaal ôfstutsen mar ik sjoch oan syn gesicht dat hy mei syn gedachten earne oars is. Ik sis noch es in kear. “Hearst my wol?!?“ Ik ha in pear nije leazens kocht en lit se grutsk oan myn freondinne sjen. “Hoe fynst se?“, freechje ik … Read more

Piet van der Hem

Nei in grutte brân krige de pake fan myn man in prachtich skilderij eigenhannich fan Piet van der Hem, in bekende Fryske skilder. De titel is “Vluchtelingen Stramproy 1917.” [hjir mear] Pake wie by in keunstnersrûnte fan Fryslân. En nei de brân doe hy alles kwyt rekke wie wer ûnder syn hele bibleteek, soargen de … Read more

Piet van der Hem

Nei in grutte brân krige de pake fan myn man in prachtich skilderij eigenhannich fan Piet van der Hem, in bekende Fryske skilder. De titel is “Vluchtelingen Stramproy 1917.” [hjir mear] Pake wie by in keunstnersrûnte fan Fryslân. En nei de brân doe hy alles kwyt rekke wie wer ûnder syn hele bibleteek, soargen de … Read more