Oranje-Bitter

Keninginnedei is foar ùs in bysûndere dei. Net allinne in feestdei omdat Keninginne Juliana eartiids jierdei wie mar ùs âlste soan waard berne op har jierdei. Tritich April njochentjen hûnderd en sechstich waard hy berne. Wy krygen doe ek noch in felisitaasje fan Hare Majesteit wat jilde foar alle bern dy `t op dy datum [Lês mear »]

Facebook/Twitter

In soan sei tsjin syn mem: “Wat ha ik in freonen. Ik ha noch nea sa folle hân…“ “Wer binne dy dan?“, freget syn mem. “Op Facebook en Twitter“, seit ‘r. “Kinst sto dy dan en wisto dan wa dat binne?“ “Ja, we twitterje alle dagen.“ “Mar,” seit de mem, “hast se wol es sjoen [Lês mear »]

Banken

Ik sit te bankieren op it internet. Wat klinkt dat goed, net? In pear jier allyn sei myn man: “Do moast it mar fan my oer nimme, it wurd my te dreech.” Nò, dat wie net sa bèst fansels. Wat wist ik der nò fan?  Ik bin noch fan de generaasje loket. Jimme witte it [Lês mear »]

“Prettig Weekend…”

Ik stean yn in lange rige wachtsjende minsken foar de kassa fan in grutte supermerk. It is woansdeitemoarn. Ik tocht, ik moat der mar betiid  by wèze dan is er noch gjin mins. Mar ik ha my fersint: sa ha mear minsken tocht. Fannemoarn ha se de tiid, it sjit net op. Ferskate memmen ha [Lês mear »]

Oanpasse

Dû ik yn it houliksboatsje stapte sei de omjouwing:”Do moast dy oanpasse.” “Oanpasse?” tocht ik; “Wat is dat? Moat ik nò in oaren ien wurre?” Ik hie der gjin benul fan wa ik dan wèze moast. Hja betsjutten wat yn de maatskippy en op it sosjale med hiene hja wat yn te bringen. Dus ik die [Lês mear »]

Leger des Heils

De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok. Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. [Lês mear »]

In bliid minskebern

We hawwe besite hân fan in freon dy wy al hjirren kinne. Altiid gesellich, we hawwe hiel wat te bepraten. Mar it praat wurd dreger. Hoe langer hy bliuwt, hoe swieder it  petear wurd. It giet oer hoe dreech de âlde minsken it tsjintwurrich ha. Oer de fersjennings foar âlderen en hoe djûr as alles [Lês mear »]

Nei mem ta

“Ik wol nei mem ta”, seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar. Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid [Lês mear »]

Prelude

It is wer sneintemoarn. De muzyk fan radio Fryslân galmet troch de keamer. Fan acht oan`t njoggen oere is er eltse sneintemoarn ‘Prelude’ -in yntertsjerkelik geastelik musyk programma- ûnder lieding fan Rein Tolsma. It is in fersyk programma wer`t minsken oeral wei hun sibben en freonen lokwinskje kinne. Sa wol mei in lied as in [Lês mear »]

Kofjeshop as tsjerke

Nei de tsjerketsjinst stean ik bûten in sigaretsje te smoken. In minne gewoante, jimme hawwe grut gelyk. Mar dochs hat it dizze sneintemoarn sa wèze moatten, tink ik. Lyk tsjin oer de tsjerke is in kofjeshop. Wyls ik der stean te smoken sjoch ik hoe in jongkeardel oan de doar ratteld.  Hy hat pech: op [Lês mear »]

>