Kritikaster

Mei in ploechje froulju sille wy sinterklaasjûn hâlde. Elts moat in kadootsje mei nimme mei ien betinkst; der moat in gedicht by.   Al gau tink ik oan in grutte doaze sûkelarje, der kin nimmen wat op tsjin ha. Mar dan komt it; wat gedicht rimet op sûkelarje? Earst mar op ynternet sykje mar dat [Lês mear »]

Wa binne jo?

“Wa binne jo?” freget se. Kreas yn ‘e klean en it hier as kaam se krêkt by de kapper wei. Se stiet foar my in dame as altyd. Jierren allyn learde ik har kinnen. Hja siet yn allerhande bestjûren en koe goed har wurdsje dwaan. Ik wie yn ‘e grûn fan myn hert in bytsje skrutelich [Lês mear »]

Ofskied

Op de offisjele ùtnoeging stiet mei grutte letters ‘Afscheidsconcert Johan Koers‘. 35 jier hat hy ferbûn west as dosint oan de Meldije, it sintrum foar keunsten. En dat moat fiert wurde. Der sitte wy dan mei in  grut selskip yn de grifformearde tsjerke De Fontein fan Drachten. De stuollen binne sa del set sa dat [Lês mear »]

Waarsiik

Ik moat ta jaan; ik bin gefoelich foar waarsferoaring. Ik bin in minske dy de sinne op ‘e lea ha moat. Wurd it tsjuster om my hinne dan wurd myn moed trystich. Wier, ik wol der net oan ta jaan want it binne allegearre babbelegûchjes. As it wer safier is dan giet myn man in [Lês mear »]

Tebek yn de tiid

Ik rin nei `t tsjerke. It is noch dea stil op ‘e dyk. Hoeden rin ik troch de brol dy de jongerein fannacht neilitten hat. De fuotten heech optillend om mar net yn glês en smearlapperij te traapjen kom ik wer ik wêze moat.   Der is gjin mins te bekinnen. In kloft roeken dogge [Lês mear »]

Moetings

“Gaat het een beetje?” ropt hy. Ik ha my fersjoen do ik oan it boadskipjen wie. Ik sjou my in breuk oan in ofladen tas. Jimme kinne dat wol; jo hoege mar in pear dingen en jo komme mei folle mear thus. De tas giet fan de iene hân nei de oare en sa besykje ik thus [Lês mear »]

Keunst-earm

“Moarn!” rop ik nei de minsken. Net ien seit wat. We sitte yn ‘e wachtkeamer fan it sikenhûs. Myn man is hurdhearich, it giet oan him foarby. Ik rop noch es, in man mompelt wat en seit; “Heu.“ We melde ùs by de baalje. It frommeske sjocht net op of om en giet unfersteuber fierder achter [Lês mear »]

Âlderein

“Kin it net wat flugger?” ropt de âlde man. Ik stean yn in lange rige foar de kassa. It is drok, net ien hat mear wat yn ‘e hûs, tink ik by mysels. As ik oan bar bin sis ik tsjin it frommeske; “Wurde jo der net senuweftich fan?” “Ne,“ seit se; “ik wurd gek fan dy âlde [Lês mear »]

Hoeno; krisis?

“Goeie!” rop ik nei myn buorman. De man dy ik allinnich mar kin fan de hân omheech.  Hy is mitseler en troch de krisis yn de bou hat hy dien krige. Wy komme gauris elkoar tsjin as ik Max ùtlit en dan meitsje wy in praatsje. En sa kom ik mear fan him te witten. [Lês mear »]

Diederik Samson

Midden yn in kloft minsken stiet de foarman fan de PvdA,  Diederik Samson.  It is sneontemoarn, wy binne oant it boadskipjen. Mar dit moat ik sjen want dy lju kin min allinich mar fan de televyzje ommers? In mannichte sjoernalisten en fotografen steane te triuwen om mar in glimp fan him op te heinen. Ik [Lês mear »]

>