Op stap

Ynternetboekhâlde

Untitled-1Ik sil efkes ynternetboekhâlde. Ik bin benijd wat de skea is nei dizze djûre wiken. Mar as ik alle hannelingen dien ha sa as ik it went wie giet mis. De bank hat oan it feroarjen west.

"Dat is  tsjin de oplichterij." seit myn man; "Ik sis dochs altyd al dat it net betrouwd is. Kinst better nei de bank gean."

"Nei de bank gean." sis ik opstânnich; "Se hawwe der gjin personiel mear."

Ik ha der lêsten in oere sitten te wachtsjen. Ik ha my net ferfeeld. Minsken boeie my, der is net ien gelyk. De iene is hastich en de oare hat alle tiid. De bank besunicht dùdlik op personiel. Ik krige begrutsjen mei it frommiske, se fleach har de fuotten ùt it gat.

Ik bin oan bar en hoech allinne mar myn pinkodekaartsje op te waardearjen want ik wie wer es it nûmer kwyt. "Sterkte, hear!" rop ik nei de wachtsjende lju.

Ik gean nei hûs en besiikje de knepen fan it ynternetboekhâlden ûnder de knibbel te krijen.

Ien ding mis ik; it kontakt mei de minsken. Ik nim my foar om wat faker ferjitliker te wurden.

Trije Keningen

trochPosted on 0 Comments1min read876 views

Untitled-1Mei in karre fol lege flessen besykje ik by de container te kommen. Bergen krystbeamen lizze hjir en der ferspraat oer de wei. Grutte en lytse, se lizze allegearre troch elkoar.

Wylts ik by de bulte stean te sjen komt in âld mantsje by my stean. "Der is noch gjin earmoede, hè?" seit er en knikt nei de bulte beamen.

"Miskyn binne der wol minder as ferline jier." sis ik. "Wol nè." seit er; "Se wurde yn it tsjuster hjir del kwakt. Dan binne se der mar fan ôf." Skodholjend rint er fierder.

Yn ienen sjoch ik wat glinsterjen tusken it grien. Underoan sjoch ik in heal ôftuge beam lizzen. De pyk is heal ôfbrutsen. Mar dan sjoch ik werom  ik wat glinsterjen seach; it is ingel fertize yn de tûken. Ik wrakselje my der troch hinne en lûk mei alle macht de beam er ûnder ùt. Wa smyt nò san beam fuort? Ik wrot him op 'e karre en mei in protte geheister stiet er achter yn 'e tùn.

De ingel wurd behimmelje en komt by syn maten yn 'e doaze . 

Soe der dan dochs mear wêze tusken Ingels en Keningen? It is ommers 6 jannewaris ?

Yn retrête

trochPosted on 0 Comments1min read1175 views

fjurwurk"Komme jimme it âld jier by ùs utsitten?" freget de soan; "Wy geane nei in stilte gebied."

"Sille jimme nei Taize? As nei it Karmelkleaster? Dat is tichter by, hear." 

"Hoe komt mem no derby? It is foar ùs hûnen." 

Se hawwe twa hûnen ùt Spanje helle en dy binne spoekbang foar sjutterij, Hja hawwe hiel wat meimakke, fermoede wy.

In freondinne hat ek twa hûnen ùt dy oarden helle. Ik moat sizze; it binne skatten. Mar hja binne skramme foar it libben. Se hawwe sa as se hjoeddedei sizze, in rechsekje mei krige. De iene is skrutend foar mânlje en de oare foar swiere gelûden. Mei in protte geduld en leafde sil it wol losrinne, al sille se skansearre bliuwe foar it libben.

Mei hoefolle minsken is it  hjoeddedei net krèkt sa steld, freechje ik my ôf?

Wy sille yn retrête. Soene wy ek as werberne minsken werom komme?

Raspin. Skrutens foar fjoerwurk.
Raspin. Skrutens foar fjoerwurk.

Weemoed

trochPosted on 0 Comments1min read1139 views

night snow (2 of 2)Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht.

Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert wurd as oare jierren.

Soe dat komme fan de ekonomyske krisis? Hat de minske dan mear ferlet fan ljocht waarmte en gesellichheid ?

Sa no en dan wurd er troch it jonkfolk fjûrwurk ôfstutsen. We mije it skoalplein en de tunnel. Max hat it er net opstean, hy wol allinnich mar nei hûs. En ik eiglik ek wol mar dochs moatte wy noch efkes in rûntsje.

Al mimerjend rinne ik fierder. Wat hat dit jier ùs brocht? Yn tinzen gean ik it ôfrûne jier troch,  moaie en minder moaie mominten passere de revu. Ynienen dûkt er immen foar ùs op. 

"Wer wiesto? seit er;  Ik waard ungerêst. It duorre sa lang.  

De loft is besiedde mei stjerren. Der kin gjin krysferljochting tsjin op.

Kritikaster

trochPosted on 2 Comments1min read1155 views

Naamloos-1Mei in ploechje froulju sille wy sinterklaasjûn hâlde. Elts moat in kadootsje mei nimme mei ien betinkst; der moat in gedicht by.  

Al gau tink ik oan in grutte doaze sûkelarje, der kin nimmen wat op tsjin ha. Mar dan komt it; wat gedicht rimet op sûkelarje? Earst mar op ynternet sykje mar dat levert neat op . 

Dan sels mar wat byinoar flânzje. Ik kom ta de konklûzje dat rymkjen as dichtsjen folle dreger is as stikjes skriuwe.

Nei it safolste besyksel smiet ik de brot by de offal. Troch myn stikjesskriuwerij bin ik myn eigen kritikaster wurden. It is noait goed genoch mear. Ik kring my yn alle bochten om wat grappichs en dochs mei ynhâld op papier te krijen wat ek noch rymje moat.

Wa soe sokke gekke fratsen ea betocht ha?  It is en bliuwd in fremde gewoante.

(..) 

De jûn is slagge en it nivo lei heech.

Wa binne jo?

trochPosted on 0 Comments1min read1073 views

Naamloos-1"Wa binne jo?" freget se.

Kreas yn 'e klean en it hier as kaam se krêkt by de kapper wei.

Se stiet foar my in dame as altyd. Jierren allyn learde ik har kinnen. Hja siet yn allerhande bestjûren en koe goed har wurdsje dwaan. Ik wie yn 'e grûn fan myn hert in bytsje skrutelich foar har, se wist safolle. En koe dat ek mei oertsjûging bringe.

Yn Aldeberkeap is de âlde lânbouskoalle ferbouwd ta in prachtich rêsthûs. Oerâl is mei de pasjinten rekkenhâlden. Alles sit yn de wite ferve en de muorren binne beklaaie mei fleuriche skilderijen.

Under in bakje kofje hat se it oer eartyds. Hoe sy har man learde kinnen. En wert hja troch de jierren hinne sa al wenne hiene. Mar it hjoeddeistiche bestean is fuort.  

By it ôfskied seit se mankelyk; "Wa bin ik? En wa binne jo?

"Dat wit ik bytiden sels èk net." sis ik. 

Se glimket...

Ofskied

trochPosted on 0 Comments1min read926 views

Naamloos-1Op de offisjele ùtnoeging stiet mei grutte letters 'Afscheidsconcert Johan Koers'.

35 jier hat hy ferbûn west as dosint oan de Meldije, it sintrum foar keunsten. En dat moat fiert wurde.

Der sitte wy dan mei in  grut selskip yn de grifformearde tsjerke De Fontein fan Drachten. De stuollen binne sa del set sa dat eltkenien it sicht op it oargel hat. Want der sil in konsert jûn wurde troch twa âld leerlingen fan dizze dosint. Ek it Zangensemble Hendrikje v.d. Berg sil acte de présence jaan. 

En ûnder bekende melodijen fan in draaioargel wurd de stimming er yn brocht. 

Nei in yndrukwekkend repertoire fan de oargelisten David de Jong en Jochem Schuurman, ôfwikksele troch it ensemble, kaam in ein oan dizze jûn.

Mei loovjende wurden, in hapke en in drankje namen wy ôfskie fan Johan Koers as dosint. Lokkich sille wy him noch regelmjittich tsjin komme as oargelist.

 Jonges, it heucht my noch dat jimme les fan him krigen mar it hat krèkt nèt it konsertpoadium helle. 

Mar gesellich wie it ...

Waarsiik

trochPosted on 0 Comments1min read1103 views

Naamloos-2Ik moat ta jaan; ik bin gefoelich foar waarsferoaring. Ik bin in minske dy de sinne op 'e lea ha moat. Wurd it tsjuster om my hinne dan wurd myn moed trystich. Wier, ik wol der net oan ta jaan want it binne allegearre babbelegûchjes.

As it wer safier is dan giet myn man in slach troch de buorren. De soan stiet mei in tear yn syn kop. De hûn dûkt yn 'e koer en de kat is yn futsjefinne.

Ferhip, no docht de printer it ek noch net en ik moat him dalik brûke. De telefoan docht it ek net want wy binne nei in oare streamleveransier oerstappe. Yntiid wurd it sin er nèt better op.

Ynienen giet myn mobyl; in freon noeget my ùt foar in konsert en dernei in ietentsje. Ik bin de âlde wer, de sinne is wer troch brutsen. Myn man en de bisten komme wer thus. Ik moat faker de doar ùt. Dat is de bèste remeedzje foar sokke lju as ik.

Waarsiik... allegearre babbelegûchjes.

Tebek yn de tiid

trochPosted on 5 Comments1min read1639 views

Clock_reversedIk rin nei `t tsjerke. It is noch dea stil op 'e dyk. Hoeden rin ik troch de brol dy de jongerein fannacht neilitten hat. De fuotten heech optillend om mar net yn glês en smearlapperij te traapjen kom ik wer ik wêze moat.  

Der is gjin mins te bekinnen. In kloft roeken dogge hun te goed oan âlde bôle. In séfûgel fleant mei in leech pûtsje tabak nei syn maten gefolch in protte herje.

Fernuvere sjoch ik om my hinne. Bin ik nò sa yn 'e beanen?

Ik beslùt wêrom te gean en wiuw nei de manlju fan de reinigingstsjinst. Dy sjogge wat fremd op, ik sjoch hun tinken; "Dy komt ek lèt thus?"

"Dat wie in koarte preek nèt?" freget myn man. En dan untdek ik dat ik alle klokken justerjûn tebek setten ha mar nèt myn horloazje. 

Ùs hûn is er ek ôf. Hy hat fêste tiden foar alles. Hy rint wat aaisiik troch de tùn en stelt it miel noch efkes ùt.

Tebek yn de tiid mar dan mear as in oere ... soe dat ek noch es mooglik wêze?

Moetings

trochPosted on 0 Comments1min read934 views

"Naamloos-1Gaat het een beetje?" ropt hy.

Ik ha my fersjoen do ik oan it boadskipjen wie. Ik sjou my in breuk oan in ofladen tas. Jimme kinne dat wol; jo hoege mar in pear dingen en jo komme mei folle mear thus. De tas giet fan de iene hân nei de oare en sa besykje ik thus te kommen.

"Gaat het?" hear ik noch es. Ik sjoch op. Der stiet in grutte frachtauto neist my. De sjauffeur komt my temjitte en pakt de tas op.

"Stap maar in." seit er en docht  it portier iepen. Ik kin de knaap wol, regelmjittich bringt hy pakketsjes by ùs dy de lju op ynternet bestelle. Altyd hat hy in hûnnekoekje by him dat Max is dikke maten mei him.

Ik stap yn en sa komme wy al gau oan 'e praat. "Hier zit een Drs. naast u." seit er; "Ik heb in Groningen gestudeerd."

"Wat dochst  hjir dan op de auto?" freegje ik. "Ik kon leren als de beste maar ik kan niet goed met mensen omgaan. Ik ben 44 jaar en woon alleen."

"Nea in freondinne hân?" "Nee," seit er; "op mijn leeftijd zijn 'ze' gescheiden of  hebben kinderen. Ik ben gelukkig zo als het nu is ook al verdien ik weinig."

"Zeg maar Arie." seit er en set de boadskippen yn 'e gong.