Op de filmset

Mem,”  seit de soan; “ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op ‘e nij dwaan.” En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit. “En no hinget it hielendal fan jimme ôf as [Lês mear »]

Boarnsigge

Jierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde. Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins. En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom [Lês mear »]

De Twirre

Yn dit hûs, ‘De Twirre’ (= ‘wyn om it hûs‘), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem. Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte [Lês mear »]

Mediator

Ik ha in mediator nedich; wy hawwe in kwestje. In skeel fan ynsicht tusken it lichem en de geast. Sy binne it wol faker net iens. De geast hat altyd plannen en it lichem giet er altyd tsjin yn. De geast seit; ” Hy is dwers.” en it lichem seit; “Hy wit it altyd better.” En altyd [Lês mear »]

Fremdelingen

Lofts achter ùs is in flat gebou, net sa heech mar twa etages. Yn de boppeste binne nije bewenners kaam. En dat hâld my no krekt yn `e besnijing want as ik bûten sit ha ik it each der op. De buorman dy `t mei fan alles op `e hichte is sei dat er trije [Lês mear »]

Serene stilte

It is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke. Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte. Ik sit te mimerjen [Lês mear »]

Ferlitten

Wêrom fiel ik my ferlitten? It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne. De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs [Lês mear »]

Sosjale media

Ik lis op ‘e knibbels foar it tùnhekje. It moat nedich yn ‘e ferve. Mar om dat in in ferfelend kluske is stel ik it mar ùt. En om dat ik leart ha “Stel niet uit tot morgen wat gij heden doen kunt” as “Geale soe ik mar dy stoar earder” gean ik oan de slach. [Lês mear »]

Skimerjûn

Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]

Skimerjûn

Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]

>