Om it hus

Frijwilligerswurk

trochPosted on 1 Comment1min read1167 views

Naamloos-1“Ik ferhip it.” seit de jongeman tsjin my. “Wat ferhipst sto?” freegje ik him.

Troch dat ik in ùtkering krij wurd ik foar alles ynset. En dat wol ik wol want ik bin net lui. Mar no sit ik mei in hernia thùs. Ik moast kasten fersjouwe yn de ‘Lege knip’. Der fiel ik my net te beroerd foar hear mar ik bin dat swiere wurk net went.

Wer bist sto dan foar oplieden?” freegje ik. “Ik ha Delft.” seit er; “Mar ik kin gjin wurk krije.”

Myn neiste buorman hat ek in ùtkearing en moat ek ferplicht frijwillegerswurk dwaan. Hy wennet allinnich, wie der earst faaljekant op tsjin. De man is hielendâl opbloeid. Hy is wer yn tel, se hawwe him nedich.

Okkerdeis wie hy jierdei en de keamer siet fol mei tankbere minsken. It regear wol it no ferplicht stelle. Ik wit net as dat wat ùthellet. Elts moat dwaan wer`t hy as sij goed yn is tinkt my.

“Jelke rop ik; “”Wost efkes in skilderij ophingje? En it hùske is ek ferstoppe.”

Wat moasten wy sûnder frijwillegers? Der is in nije merk ontstien en der is ien dy der hiel bliid mei is …

Bienvenido!

trochPosted on 0 Comments1min read1115 views

WoefjesKin mem ùs ek in pear dagen hawwe ?” freget de soan; “”We nimme ùs beide bern mei as it goed is.”

De bern, dat binne twa hûnen dy net sa lang allyn ùt Spanje kaam binne. Mei in bestelbus fol binne se hjir oankaam. Twa binne hun ta wiist. Ik moat sizze: it binne skatten. Ik soe se sa oernimme wolle.

Max wit net wat him oerkomt. Mei lûde stimme en yn geef Frysk besiket er de Spanjaarden dùdlik te meitsjen dat se hun koest hâlde moatte want hjir is hy de baas.

No de grinzen fêst stelt binne is de rêst werkeart. We komme amper oan de iterij ta want se fergje al ùs oandacht. Om barren geane wy mei se te rinnen. De hûnen ùt de buorren gean mei in bocht om ùs hinne. Ek yn hun wrâld is er ferskaad yn ras en ôfkomst.

Nei in pear dagen fan kundskip oer en wer geane se fuort.

Koene se hjir mar bliuwe.” sis ik. Yn de wittenskip dat se no yn goeie hannen binne en nea wer yn in bestelbuske hoegge lit ik se gean.

Kom mar gauris wer.” sis ik en aai oer de kopkes.

Bienvenido!

De beam

trochPosted on 5 Comments1min read1301 views

beam_1t“Wolst dit beamke ek ha?” freget myn suster; “Hy is te grut wurden foar ùs balkon.

Sa dwaande kaam de beam by ùs yn de tùn te stean. Ik wit net wat it wie mar it klikke daalks tusken ùs. Fan doe ôf oan pasten wy in bytsje op elkoar.

As yn de maitiid de knoppen oan de beam kamen joech hy my in gefoel fan in nij begjin. Simmers siten wy yn `t skaat  ûnder syn wyd fersprate tûken. En yn de hjerst holp ik him om wat er fallen litten hie op te rêdden.

Fûgels fan allerhanne slach fûnen ûnderdak by him. Yn tiden fan fertriet wie hy der foar my, sûnder wurden begrepen wy elkoar. Yn fleuriche tiden koe hy der ek wat fan mei slingers, ballonnen en ljochtsjes .

En no moast hy omseage wurde. “Hy is syk.” sei de buorman dy tùnman is.

We hawwe ôfskie naam sûnder wurden. Der komt in jongeloat foar him yn `t plak  ha ik him ta sein en sa bliuwt hy foart bestean.

Dei!” sis ik en draai my om …

beam_2t

Faker sjen

trochPosted on 3 Comments1min read1370 views

't Is watDe frachtrider set in ôfgriislike grutte doaze yn ‘e gong. “Moat it hjir wol wêze?” freegje ik noch. Jo witte it hjoeddedei net mear as it wol doogt.

“Ja hear,” seit de jongfeint; “jo namme stiet er op.

Ik set de doaze op `e tafel. Ik bin nijskjirrich wat dit wêze mei. Bergen kerlich skom komt my temjitte. De doaze is hast leech as ik in hiel lyts pakje lizzen sjoch. In each mei in triet der oan sjocht my oan. In grut fel papier ferhelled yn it Ingelsk wat it wêze moat: in webcam.

Ik skilje de jongste soan, hy allinnich docht soks.

Wat betsjut dit?” freegje ik him. “We moatte elkoar faker sjen.” seit er; “We sjogge elkoarren te min.” “Sis mar hoe as it wurket.” sis ik.

Nei in protte hin en wer gedoch sjoch ik him sitten. De beide reade katten rinne troch it byld, de hûnen blaffe op de achtergrûn. “Wol mem myn keamer ek sjen? En de tùn?” freeget er; “Dat kin no allegearre .” 

In rek mei wask stiet achter him, de stofsûger stiet midden oer de flier. “We moatte elkoar faker sjen.” seit er. Syn stim is oars as oars.

Mar as wy it each faak brûke sille. De tiid sil it leare.

It roer om

trochPosted on 0 Comments1min read1079 views

giphyWe hawwe in ferpleechkundige op bisite. In skofke allyn ha ik in enquête yn folle oer sûnens. Nei oanlieding derfan wol se witte hoe wy ùs deistich libben belibje.

De iene nei de oare fraach komt oan è oarder. Oer bewegings, iten en drinken … jo kinne it sa gek net betinke as it komt oan ‘e oarder.

Ik rin mar wat mei kofje en koeke en ha allang myn nocht. Mar myn man is aerdich op dreef merk ik wol. Hy praat dank sy syn nije hoorapparaat hûndert ùt. It frommiske leit him ek wol, tink ik. “Mag ik uw bloeddruk even meten?” freget oan him. Dy is oan ‘e hege kant.

Ek myn druk wurd mjitten mar it moat oer en wer oer. “Niet te geloven.” seit se; “Nog nooit zo hoog meegemaakt!” en se mjit wer op ‘e nij. “Van nu af aan alles zoutloos en matig eten en veel bewegen.” seit se. Wy sjogge mekoar es oan

Ik moat oan ùs mem tinke. Se hie de sâltpot op tafel stean, neist de sûkerpot. En elk rêdde him dermei. Se binne beide âld wurden en nea wat stean litten.

Gjin sâlte hjerrings mear. It roer moat om.

Se komt ynkoartens wer. Hy is net mear sa ûnder yndruk fan it minske fernim ik wol …

Container

trochPosted on 4 Comments1min read1426 views

Naamloos-2

“Minne en ik sille ferhûzje.” seit se. “ wol?” sis ik.

Ik kin har al sa lang dat ik my net foarstelle ken dat sy fuort is.

Wy hawwe ùs hûs ferkocht en keapje ùs yn yn in fersoargingshûs. Alles wurd der regele: iten, drinken, in wurkster en ferpleging as dat nedich is. En der binne allegearre clubkes. Minne hâld fan damjen en ik fan sjongen.

Dat is de safolste dy hja ynkeapje litte. En ta hun dea ta fersoargje litte.‘ betink ik by mysels. Fanne wike wie der ek al ien, dy gong mei har man yn in ferbouwde suvelfabryk. Wat wolst ek: de rêsthûzen wurde ferkocht as ôfbrutsen.

“Wêr moatte wy letter hinne?” freegje ik myn man; “Ynkeapje, der ha wy de sinten net foar. En der komt by: do hâlst net fan damjen en ik net fan sjongen.

“Wy sette in container achter it hûs fan ùs Durk.”

“Soe hy dat wol wolle?” freegje ik twiveleftich. “Wy ha salang foar him soarge, dan docht hy it no mar foar ùs.” seit er.

Wy binne er noch net ùt. Ik sjoch my noch net yn in container omskaaien … Jimme wol?

Argewaasje

trochPosted on 1 Comment1min read1220 views

Krante“Hast de krante al krige?” ropt Geert oer de skutting. “Nè.” sis ik.

Dy rot jonge dy de krante rûn bringt fytst ùs gewoan foarby!” seit er lilk.

Ik sil wol efkes de redaksje in mail op poaten stjûre.” sis ik.

En ik moat sizze as ik op ien ein bin dan bin ik efkes ùs mem. Dy koe op san stuit it man-en-boet-goed opsizze. Sa tink ik tefreden; ‘Dit moatte se hun wol oanlûke.’

Dagen geane foarby. Ik hear neat.

‘Giet neat boppe skiljen.” seit myn man. Mar dan ha jo it noch net hân. In blikken stem seit wat jo dwaan moatte.  Nûmmer 1 oant 5 hannelje ik ôf. Mar it komt klear. “Jo sille him hjoed noch in de bus ha.” seit de blikken stim. “Geert!” rop ik oer it sket; “Hjoed hast him.” 

Mar al wat komt gjin krante. Wa sei ek al wer dat de deiblêdden it dreech hienen?  ‘Se fertsjinje net oars‘  tink ik gremitich …

Argewaasje, ergernis en noch folle mear ;-(

Omie

trochPosted on 1 Comment1min read1350 views

Untitled-1“Omie!” wurd er lûd roppen; “Omie! Mogen wij even met u mee lopen?

Twa lytse famkes komme achter my oan, de iene op in rôze fyts en de oare op in rôze step. It binne twa suskes; de âldste is fyf en de oare trije jier skat ik.

Se rattelje hûnderd ùt. Oer de de skoalle en oer de kres. Max kriget hiel wat kearen in aai oer de kop.

Dan seit de âldste; “Mem zegt; wy meie net mei fremden prate. Maar Omie is niet fremd, hè?” Se prate heal Hollânsk en heal Frysk. Heit komt ùt it westen en mem ùt de Haske. Se hawwe in Omie en in Beppe. En omdat ik griis bin en wat âlder bin ik foar hun Omie.

Om de iene as oare reden sjit it gemoed my fol. Fol betrouwen stekt it lytste famke har hân yn myn hân. “Moatte jimme net werom?” sis ik foarsichtich oars wurd jim mem ungerêst.

Nè,” seit de âldste; “wij zijn vandaag bij heit en moarn by mem. Maar ik wil bij heit blijven. seit de lytse; “… en Doutzen wol by mem bliuwe.” wylts knikt se nei har suske.

Heit en mem sitte yn in fechtskieding. De plysje moast er hjoed oan te pas komme.

Mar Omie is niet fremd, hè?” Fol betrouwen sjogge se my oan.

Yn triennen kom ik thus.

Op de filmset

trochPosted on 0 Comments1min read1140 views

SuperSjoukeMem,”  seit de soan; “ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op ‘e nij dwaan.

En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit.

“En no hinget it hielendal fan jimme ôf as ik slagje as net. 

Nò, sis ik; “der seist noch al wat.”

‘Ik ha sa tocht, ik meitsje in film oer ùs heit. Dy man hat safolle meimakke yn syn libben, dat er is stof genoch.  

Sa sein, sa dien.

Us keamer wurdt om tovere ta filmstudio, klokken en skilderijen binne fan de muorre. Stuollen en tafels steane ferspraat troch de keamer. De ôffâl amer wurdt brûkt as statyf, de blommen binne ùt de finsterbanken.

De man wer`t it om draait sit al oeren te wachtsjen op it yntervieuw, hy wurdt er al sloech fan. Max wurdt bûtendoar set, hy mei gjin lûd jaan as hin en wer rinne.

(Ik freegje my ôf; “Soe dat yn Hilversum ek sa gean?”)

Wat hat heit it measte sear dien yn syn libben?” freget de soan. It binne ien op ien fragen dy my reitsje.

Kom, Max!” sis ik; “Wy geane fuort.” en ferlit de filmset. Supersjouke

Boarnsigge

trochPosted on 0 Comments1min read1133 views

boatJierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde.

Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins.

En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom stiene minske op de wâl hun kommentaar te jaan. Al ridlik gau hiene wy in namme foar him. De  “Boarnsigge”  Myn man ek ik binne beide berne oan de igge fan de “Boarn“.

Folle reizen hawwe mei it skip makke. Faaks wie Denemarken it doel fan de reis. We hawwe fan alles op dy reizen belibbe. In kear hast troch lekkerij mei skip en al nei de djipte. Mar ek de Eastdùtske marine achter ùs oan, hja fertrouwden it net.

Undanks de drokke gystene tiid fan in eigen ûndernimming hawwe prachtige jierren fan ûntspanning hân. Wy wiene dan wer as hùshâlding byinoar.

Prachtige oantinkens dy net ien ùs ôfnimme kin.

Prins Wannes de Tweede “as de “Boarnsigge“; tige tank foar al dy jierren dat jimme ùs feilig thus brocht hawwe.

boarnsigge-bewerkt