Ferhingje

paintingsNè, ik wol my nèt ferhingje, hear. Dat sis ik earst mar foar dat jimme fremde prakkesaasjes oer my krije.

In goekunde fan my skildert en besiket troch ùtliening de kosten der ùt te krijen. Ferskate minsken ùt har omkriten hawwe in skilderij fan har hingjen.

Oerâl wer `t ik kom is har wurk werkenber. Felle blauwe loften en seèen komme my temjitte. En dan de wolkenpartijen; it kin elk momint swier waar wurde. Sy mei ek graach stillibbens meitsje. Ek in boardtsje fan ùs mem moast er oan leauwe.

En sa kom ik in nijsgjirrich artikel tsjin oer wenjen. En wat sizze se dèr? Jo hoeche gjin skilderijen te keapjen as te lienen. Sykje alles wat jo hawwe op dat mèd en hingje it bijelkoar.

Nò, ik brân los fansels. “Wat silst nò?” freget hy; “Ferhûzje?” “Moast mar ôfwachttsje.” sis ik. It reseltaat is yndrukwekkend.

Under Pauw & Witteman giet it mis. Mei in ferskuorrende klap falle Ids Wiersma en Jelle Troelstra op it stopkontakt fan de Nuon. Heal fersuffe sitte wy eefkes letter  yn it tsjuster.

Do hâldst dochs sa fan skimerjûnen?” sis ik.

Ik moat se mar wer ferhingje.

LÊS EK:  Folle seine en frede
  • Soms zit ik naar je teksten te staren, en zie wat letters maar vorm geen woorden.
    Dan staat mijn hoofd stil en kan ik het niet meer bevatten, gek he, dan ben ik de taal geheel kwijt.
    Jammer.
    Dus zeg ik niets en hoop dat ik niet dement aan het worden ben.

  • Ik hoop dat het geen lege woorden zijn. Maar dat de woorden voor zich zelf spreken. Dement zal jij nooit worden zoals jij schrijft….

  • Wokke, we weten het nooit.
    Als dementie erfelijk is … mijn moeder begon er al mee toen ze geboren was… misschien zelfs wel eerder.

    Jouw woorden zijn niet leeg maar ik kan het niet bevatten, net of ik naar een onbegrijpelijke taal kijk. Maar af en toe komt het wel door. Ik doe mijn best, je schrijft zo leuk en ik lees het zo graag.

  • Neffens my is in ophingsysteem mei in railsysteem krekt wat foar jo. Dan kinne jo omraak ferhingje en byhingje sûnder gatsjes te moaite meitsjen. Sels it ljocht kin ferplakt wurde.

    Skilderijen en foto’s sjin sûnder ljocht is in hiele prestaasje;)

  • >