Yn wearde litte

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear. Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit.  “Werom raze jo sa?”  freegje ik. “Jo binne dochs doof?” seit se. “No, ik hear miskyn better as jo, juffer.” sis ik lichtelyk oanbrând. In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op [Lês mear »]

Ferneamd

Sa as in hiel soarte minsken ha ik twa beppen hân. Faaks moat ik der noch oan werom tinke. De iene beppe, oan mem har kant, wie in skatsje… alles mocht en alles koe.  De oare beppe mocht my net lije, we leinen mekoar net. Yn har eagen koe ik neat goed dwaan, der wie [Lês mear »]

Sukses

Yn in grutte kring sitte se te sintsjen op it plein. Mei grutte huodden op, sa dat de lytse rimpele kopkes ferdwine en ûnsichtber wurde. Ek binne der dy in grutte sinnebril op ha, ek sy binne ûnsichtber wurden. Miskyn troch de mylde sinne en de oangename sfear komme de ferhalen los. Se ferhelje oer de [Lês mear »]

Nûmer santjin

Mids de seal yn in grutte oanpaste wein sit se te wachtsjen op immen dy har nei har keamer bringe wol. Ik kin har fan it swimmen en ha har fanôf it earste begjin yn myn hert sluten. Se is ticht by de hûnderd mar osa by de tiid, each foar oaren en gjin eamelsek [Lês mear »]

Mienskip

Wolle jo net wat foar de mienskip dwaan?” freget se. Ik stean foar har yn ‘t kantoar, mei in bulte papieren yn ‘e earm. Se werhelle har fraach; “Wat mei jo graach dwaan?” “Hoe sa?” sis ik. Jo lykje my noch aardich by de tiid, dy ha wy hjir nedich.” “Ik doch al wat, ik [Lês mear »]

Prikkels

Jo moatte hjir wei.” seit se; “Jo jouwe tefolle prikkels.” Ik bin op bisite op de ôfdieling Geriatry fan it sikehûs.  Manlju en froulje sitte yn in rûntsje om de tafel yn de hûskeamer. Se sizze neat, op myn freondinne nei, dy besiket in petear op gang te krijen. Dan begjint se ynienen lûd telaitsjen mar [Lês mear »]

Sterkte

Ik wist net dat ik sa ferneamd wie. Grutte en lytse kaarten streame binnen. De post rint him it fjûr ùt de sportskuon. Oerâl stiet boppe ‘Sterkte’, fansels goed bedoelde winsken. Is der ek in oar wurd foar om in minske krêft ta te winskjen, frege ik my sels ôf. Ûs taal is somstiden mar beheind, [Lês mear »]

Diagnoaze (1)

Do moast nei dokter ta,” sis ik tsjin myn man; “do hoastet my tefolle.” “It giet fansels wol wer oer.” seit er. Hy moat neat fan dokters ha.

Mar it wurdt alle dagen slimmer en hâldt ùs beide ‘s nachts klear wekker. De paracetamol en de bûsdoeken binne net oan te slepen. Ik ha myn nocht en freegje as de dokter efkes komme wol.

“Even een penicilline kuur.” seit er; “Dan is het zo weer over.”

Mar it wurdt minder, ik sjoch him eltse dei efterùt gean. Dan is it freedtemiddei, ik hâld it net mear ùt en skilje de assistente.

“Maar wàt heeft hij, mevrouw?” freget se, mei ien each op de klok. “Dat wiet ik net,” sis ik oanbrând; “mar hy moat dalik komme.”

“Dat gaat niet zomaar.” seit se. “Lit mar!” rop ik; “Ik rêd my sels wol!” en smyt de hoarn del. De boadskip is oer kaam en in fremde dokter stiet al gau yn de keamer .

“Dy man hie allang yn ‘t sikehûs lizze moaten.” seit er en skillet in ambulance en it sikehûs.

Ik ryd efter de auto oan en betink my dat eartyds wy ùs stil hâlde moasten want de dokter, dy wist it wol. No moatte wy sèls de diagnose stelle en sizze wat ùs mankearret.

Lokkich wiene wy krekt op tiid.

Read more

Ferdwale

Ik rin troch it nije diel fan it sikehûs. Krektlyn is de ofdieling Geriatry iepene. Jo kinne de ferve noch rûke, de buordsjes fan de toiletten moatte noch ophong wurde. Ik bin allinnich yn it yntinse nije gebou. It is tsien ûre west, it grutste part fan it personiel is nei hûs. Wer soe ik [Lês mear »]

Maarten

Foto: Omrop Fryslân

Kloften folk steane op brêgen en bermen en hingje yn lantearnepeallen.

En dat allegearre om mar in glimp op te fangen fan de swimmer dy iensum troch it wetter ploetert.

En dat docht er allegearre foar minsken dy de freselike sykte kanker hawwe as oan stoan binne.

Yn tinzen swim ik mei him mei troch de neare nacht oant de sinne wer opkomt.

Wat soe der yn al dy iensume oeren troch syn holle gean, freegje ik my ôf. Soe er oan syn frou tinke as oan syn beide famkes, as hoefolle stempels noch?

Ik wit net werom mar it makket my emosjoniel, it byld fan de swimmende man.

Se sille my net op ‘e wal stean sjen as op in brêge te jûchheie. Ik sil oan him tinke en hoopje dat hy mei sukses syn doel berikke mei wat hy foar eagen hat.

Dy Maarten

In hiel grut applaus is hjir wol op syn plak.

Read more

>