Hoeno; krisis?

“Goeie!” rop ik nei myn buorman. De man dy ik allinnich mar kin fan de hân omheech.  Hy is mitseler en troch de krisis yn de bou hat hy dien krige. Wy komme gauris elkoar tsjin as ik Max ùtlit en dan meitsje wy in praatsje. En sa kom ik mear fan him te witten. [Lês mear »]

Demintens

We hawwe de Wike fan de Deminsje. Tige wichtich dat der wrâldwiid oandacht oan bestege wurd. Wy hawwe dat deunby meimakke. We hiene it earst net troch dat er wat mei ùs mem oan ‘e hân wie. Ûngemurken as in dief yn ‘e nacht slûpte de kwaal yn har libben. It begong mei argewaasje en [Lês mear »]

Heel Holland Bakt

Sjoche jimme ek nei it programma Heel Holland Bakt? Ik wol. Ik libje mei en sit tige yn spanning as it slagget. Tsjien kandidaten dogge der oan mei. Mar ik moat sizze: ik sjoch mear nei it minske dan nei de bakkeraasje. De iene persoan fyn ik sympatiker as de oare. En dy ik dan it [Lês mear »]

Diederik Samson

Midden yn in kloft minsken stiet de foarman fan de PvdA,  Diederik Samson.  It is sneontemoarn, wy binne oant it boadskipjen. Mar dit moat ik sjen want dy lju kin min allinich mar fan de televyzje ommers? In mannichte sjoernalisten en fotografen steane te triuwen om mar in glimp fan him op te heinen. Ik [Lês mear »]

Trou

“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan!“ rop ik. En sa sitte wy  tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne. “Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.” “Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje?“ sis ik. “It gong al [Lês mear »]

Moarn!

Ik bin underweis nei de superwinkel. Troch dat de mûzen hast dea foar de kuolkast lizze moat ik mar op paad. Ik moat tweintich minuten rinne om er te kommen dat ik moat my der altiid ta sette. En om it ein wat koarter te meitsjen ha ik wat betocht. Wy wenje yn in plak [Lês mear »]

Beppe

“Omie!” hear ik roppen. En noch es ropt se; “Omie!“ Ik bin yn de supermarkt. Ik sjoch om my hinne. Der stiet in lyts buorfamke nei my te swaaien. Ik wiuw wêrom en gean fierder. Dy buorfamkes hawwe twa beppes. De iene beppe wennet yn Mildaam, Omie, en de beppe yn Âldehaske is Beppe. “Misse jo [Lês mear »]

Utstrieling

Ik gean der by sitten de winkel stiet grot fol. In pear lju hingje ferfele tsjin de muorre. Ek  steane guon bûten te smoken. Yn ‘e hoeke ha  in pear manlju it oer it fuotbaljen en kinne it dùdlik net iens wurde. Twa froulje mei holledoeken om kringe foar mar wurde troch de winkelbetsjinner taktysk [Lês mear »]

Ja, ik ûnthyt

“Diederik Samson sil skiede.” sis ik tsjin myn man. “Ach, ja.” seit hy; “Hy is ek in gewoan minske.” “Ja, mar dat wie san aerdich  gesin, wist noch wol?” “Nè, der wit ik neat mear fan.” seit er. Nò, ik noch wol. It filmke wie in soart ferkiezingsstunt tink ik. It wie in toanbyld fan gelok, hoe sy tegearre de hushâlding [Lês mear »]

Samar in petear

“Bent u ook naar de kerk geweest?“ freget in lyts famke. It is sneintemoarn en ik  rin mei Max in blokje om. Op it skoalplein stiet in famke fan san acht jier mei twa  blonde stutsjes . Se freget noch es; “Bent u ook naar de kerk geweest?“   Op myn skodholjen seit se; “Welke kerk gaat [Lês mear »]

>