Samar in petear

Naamloos-1“Bent u ook naar de kerk geweest? freget in lyts famke. It is sneintemoarn en ik  rin mei Max in blokje om.

Op it skoalplein stiet in famke fan san acht jier mei twa  blonde stutsjes . Se freget noch es; “Bent u ook naar de kerk geweest?  

Op myn skodholjen seit se; “Welke kerk gaat u?” “Nei de Fermanje. sis ik mar dat wit se net.

Welke tsjerke giest sto hinne?” freegje ik. “Ik ga na de Trinitaskerk.” seit se. “O,” sis ik; “dat is dy nije tsjerke dy krekt ferbouwe is.” 

“Ja.” seit se; “Ik zit op de kindernevendienst en al in groep vijf.”

Se aait Max oer de kop, dûnset fierder en lit ùs beide achter. De oandacht is fuort en Max en ik rinne ùs rûntsje.

Samar in petear op sneintemoarn …

foto-6

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien