Minsken

Ofskied fan in hielmaster

troch Posted on 0 Comments 1 min read 471 views

Mei in saaklik briefke lit ùs hûsarts witte dat hy mits âldens er mei ophâldt en in opfolger foar syn praktyk fûn hat. 

Ik gean erby sitten, dit moat ik efkes ferwurkje.

Fiifentritich jier hat hy wekke oer ùs sûnens en wolwêzen. Fan in praktyk oan hûs mei ien assistinte, is it in sûnensintrum wurden mei meardere kollega`s en wurknimmers.

Fan alles ha wy meielkoar meimakke, fan lytse oant grutte ûngemakken ta. Mar ek mei drege besluten, sa as it libben weze kin, kaam hy it paad del en joech ùs ried.

As wy wer es earne mei sieten, fregen wy ùs ôf; Wat soe HY er fan fine?' 

Stram gean ik oerein, it sil wenne moatte, in nije hielmaster. De skiednis sil it ùt wize. 

Wy winskje dij, dyn frou én dyn bern in lang en lokkich libben ta.

Tige tige tank foar wasto yn al dy jierren foar ùs betsjutten haste.

Ôfskied fan in hielmaster (en buorjonge, fansels)... 

 

Farre

troch Posted on 2 Comments 1 min read 517 views

Farre jo ek? " freget se oan myn soan.

We sitte oan de kofje yn it Fermidden, de grutte seal fan it fersoargingshûs.

Se freget noch in kear: "Farre jo ek?" Ferwachtingsfol sjocht se him oan.

"Ja," seit er; "ik faar op Dùtslân."

"Ek op in skûtsje?" Mei grutte blauwe, trochskinende eagen sjocht se him twingend oan. 

"Né," seit er; "ik faar op in grutte tanker." "Dus net mei turf as stront?" freget se.     

"Wy hawwe in skûtsje hân, myn man en ik, en sa wiene wy faak yn Dùtslân. Mar simmers dan soargen wy dat we op tiid by it skùtsjesilen wiene, dat wie ùs ienlikste fakânsje."

"It wie in dreech bestean mar we wiene tevreden." giet se fjirder; "Altyd tegearre en nea spul hân."

"Ha jimme it skûtsje ferkocht?" freget myn soan.

"Ûnder it wedstriidsilen is hy ferstoarn." seit se dimmen.   

"Hoe lang is dat allyn?" freget er.

"As jo hûndert en fjouwer jier wurde, dan is tiid net wichtich mear, jonge man!"

De helblauwe eagen ljochtsje efkes op...

Prottelkofje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 499 views

Wolst in kopke kofje?" freegje ik him.

"Wat foar kofje hat mem?" seit er. 

"No," sis ik (ik gean mei de tiid mei fansels); "Dolce Gusto Cappuccino en Lungo, as Douwe Pypke's Senseo. Sis it mar."

Syn mûle falt iepen. "Ik tocht dat mem allinnich prottelkofje hie."

"Ik wenje dan wol yn in âldereinhûs mar dat hâldt net yn dat ik neat wit fan de wrâld om my hinne." sis ik.

Troch dit âldereinhûs bin ik fan it sâlt, it sûker en de drank ôf. 

It giet hjir allinnich om de sûnens fan de bewenners dy om en de by tachtich, njochentich en hûnderd jier âld binne. 

"Hoe giet it mei jo?" sis ik tsjin de man dy syn libben lang boardsjes boud hat.

"Ik ha te hege bloeddruk." seit er, "En no moat ik fan myn slokje ôf." "Mar wat bliuwt er dan oer?" freget 'r mistreastich.

"Gewoan troch gean." sis ik tsjin him, "Sa as jo went binne."

We klinke der nochs es op en binne it roerend iens. 

It wurdt in Bearenburchje. Krekt sa as hy went is...

Polityk

troch Posted on 0 Comments 1 min read 409 views

Wat in rotstreek fan dy Trump net, om mei raketten te smiten!" ropt se fûleindich. 

We binne oan it kofjedrinken, troch de tiid hinne hat elk syn eigen plakje fûn. As er ien op in ferkearde stoel sitten giet wurdt er wat fan sein. 

Yn it begjin ha ik my as bûtensteander der tsjin fersetten; gjin fêste plakken wol? Ik moast belies jaan, eltse moarn sykje se hun eigen maat op. It jout wat fêstichheid fansels, 

We hawwe it earst oer it waar, dat de winters net mear sa binne as eartiids. Ferskate lju ha de elfstêddentocht riden as min hja leauwe meie. It binne sterke ferhalen; troch de jierren hinne binne se mânsker wurden.

"Wat fine jimme fan dy Trump?" ropt se noch es lûd. Se wol dudlik oandacht.

Har soan wennet yn America, fondêr de 'affeksje' foar Trump.

"Jou my mar Drees." seit in lyts wyfke, se komt amper boppe de tafel ùt.

Yn ienen is er oandacht, se begjinne trochinoar hinne te praten. Immen slacht mei it kopke op de tafel,

"Troch him kinne wy hjir wenje en net yn in earmhûs." seit se.

It is stil wurden, elts giet wer nei syn eigen stee.

Polityk...

Wer sille jo hinne?

troch Posted on 0 Comments 1 min read 493 views

Wer gean jo mei de Krystdagen hinne?"  freget immen oan frou Dykstra

Ik wiet, se hat in grut gesin hân, sa no en dan sjoch ik ien fan dy bern by har op besite. Mar it rint net stoarm, ek sy hawwe hun eigen wrâld kreëarre en der post warskynlik grif gjin minske fan hûnderd yn.

Yn It Fermidden, tidens it kofje drinken, gean de petearen faaks oer de kommende feestdagen. "Wer sille jo hinne?" wurdt gauris frege. Stadichoan wurdt it in wedstrydsje; wa giet fuort en wa net.

Ik bin nijskirrich wurden wert dizze minsken uteinlik de krystdagen troch bringe sille.

"Jo geane nei de wintersport." sis ik tsjin myn buorfrou, se hat in readbonte trui oan mei wite hertenkoppen  der op.

"Ne," seit se; "dy trui ha ik krige fan myn beppesizzer. Hja wenje yn Kanada". "No, wat moai." sis ik.

"We hawwe alle dagen kontakt." giet se fjirder; "Troch Skype. Hjir yn it doarp wennet ek in soan, mar der wiet ik minder fan ôf as de soan fan de oare kant fan de wrâld."

Alle war wurdt  dien yn dizze Mienskip om it de bewenners nei it sin temeitsjen. Oerâl is it fersierd, yn elk donker hoekje stiet in prachtige krystbeam; alles om de bewenners it waarme hùslike gefoel tejaan wat se misse. 

De unwennegens sil bliuwe, litte wy mar in iepen ear hawwe foar hun ferhalen fan eartiids. 

En? Wer sille jo hinne? 

Fatsoenlikens

troch Posted on 5 Comments 1 min read 596 views

S Sûnt in wike rin ik mei twa ynswachtele fuotten rûn , en ek noch  trije lagen wynsels.

"Jo hawwe opsette fuotten," sei de dokter; "dat is net goed."

Gefolch is dat gjin skoech mear past, sels myn man syn trouskuon passe net mear en dát seit wat. Eltsenien is ynt spier om foar my geskikt fuotark te finen. Ek de soan  kaam mei toffels thùs mar maat seis en fjirtich wie te grut skotten. 

En omdat ik dochs nei de apoteek moast sei ien; "Kinst wol binnentroch gean want it eazet bûten."

Sa sein, sa dien. Skrutens tikje ik op it raam en daliks fleant er in doar iepen. In grutte frou yn in wite jas stiet poerlilk foar my.

"Jo moatte foarom!" seit se mei stimferheffing. "Ja mar," sis ik, hiel fan it stik; "it reint en ik rin op sokken. Ik moat wol binnentroch!"

"Neat mei te krijen. Foartaan foarom. Wy ha net foar neat in foardoar." Se gooit my de medisinen ta en ropt noch; "Hjir gjin gewoante fan meitsje, hear!"

Ik bliuw feralterearre stean. Dan mar op hoasfuotling nei hûs. Ik kom thùs as hie ik oan it sleatsje springen west.

Fatsoenlikens is ek net mear wat it ea wie. 

Waarmte

troch Posted on 2 Comments 1 min read 460 views

Komsto moarn by ùs te ieten?" freget se;"Ik sil pankoek bakke. Myn bern fine dat ik der hiel goed yn bin."

Ik stean te twifeljen, ik hie oare plannen, mar in stim yn my seit: Dwaan! Do wolst er dochs tusken komme?

We hawwe ynkoartens in wylddiner. "Sille wy ùs opjaan?" freget in freondinne.

Ik stean wer yn twifel. Sil ik dat no wol dwaan? "Wat bist krye wy op it board?" freegje ik, om tiid te rekken.

Se wit it net. "It sil wol in hazze as in knyn weze." seit se. "It kin ek in bist weze dy in moai libben hân hat yn de Sweachster bosken."

Ik lit my oerhelje want as ik né sis freegje se my net wer fansels.

Wer in oarenien seit: "Ynkoartens wurdt hjir in konsert jûn troch de fanfare fan it doarp. Sille wy der hinne?" 

Sil ik dat wol dwaan? Ik stean wer es yn dubio. Gean! seit de oare stimme yn my; It kin no noch! It kadaster rint noch goed lyk en do kinst er noch op eigen man en boet komme. 

"Sil ik jo opjaan foar it krystdiner?" freget it frommeske en is drokdwaande mei har laptop.

"Né," sis ik;"Stientsje en ik bliuwe thùs. Wy sille it gesellich meitsje, der hoecht net ien bist foar te sneuveljen."

Tige tank minsken, foar jimme omtinkens. It hat my troch in drege tiid hinne holpen!

Waarmte...

Swimles

troch Posted on 2 Comments 1 min read 565 views

Se hawwe hjirre in oerdekt swimbad spesjaal foar âlde stramme lju, mar ek foar lytse bern.

Regelmjittich tref ik der in famylje oan ùt in fier lân, hja binne net te ferstean. Heit helpt de bern ùt en yn de klean, de mem ha ik noch net sjoen.

It  lytse famke hat  in bikiny oan mar hâldt oan it lêst ta it holledoekje om.

Se kinne hast net wachtsje oant hja ophelle wurde.

It dy my tinken oan eartyds, ik ha ek swimmen leard mar dat gong er al oars om ta.

Wy wennen oan de Boarn,  ùs mem siet yn 't stap te breidzjen en hie in tou om de middel, it oare ein siet om myn middel hinne.

En as ik dan te fier it wetter yn gong luts se gewoan it tou oan en gong fierder mei breidzjen. Troch har krewearjen kin ik jierren letter swimme yn in echt swimbad.

Grutte donkere eagen sjogge my bliid oan, se kinne hast net wachtsje. It holledoekje komt ôf, de heit hâldt se goed yn 't each. 

Wat er ek feroaret, de noed bleaun it selde!

Yn wearde litte

troch Posted on 1 Comment 1 min read 421 views

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear.
Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit. 

"Werom raze jo sa?"  freegje ik.

"Jo binne dochs doof?" seit se.

"No, ik hear miskyn better as jo, juffer." sis ik lichtelyk oanbrând.

In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op myn buro ta en begjint te sykjen.

"Wat sil dat?" freegje ik.

"Ik sil efkes in ôfspraak foar jo notearje."  seit se.

"Lit dat mar oan my oer." sis ik noarsk en sko har oan kant.

'Is dit no soarch?' freegje ik mysels ôf. As seit de tabblêd dat, wert se de hiele dei op rinne te sjen?

'It is de moderne tiid' sizze de  bewenners dy hun er net sa drok om meitsje en it wol bêst fine.

Sa bin ik nea west. Selsstannich wêze,  dy sels rêde... dat is altyd myn slogan west.

Mar as de tiid der is sil ik ien fan de earsten wêze dy er tankber gebrûk fan meitsje sil.

Nettsjinsteande ha ik enoarme bewûndering foar al dy lju dy yn de soarch wurkje.

Dei en nacht stean se klear foar minsken dy mei it lêste eintsje fan hun libben dwaande binne. 

Mar ûndanks dat hja as folweardige meiminsken behânnelje. 

Yn har wearde litte ...

Ferneamd

troch Posted on 4 Comments 1 min read 606 views

Sa as in hiel soarte minsken ha ik twa beppen hân. Faaks moat ik der noch oan werom tinke.

De iene beppe, oan mem har kant, wie in skatsje... alles mocht en alles koe. 

De oare beppe mocht my net lije, we leinen mekoar net. Yn har eagen koe ik neat goed dwaan, der wie noch in beppesizzer dy nei har ferneamd wie en dy wie alles.

Hoe koe dat no? frege ik my wolris ôf. Ik wie dochs ek nei har ferneamd?

Jierren letter bin ik der efter kaam; se mocht myn mem net. Se hie in oare frou foar har soan ûneare.

De leave beppe hat in belangrike rol spile yn myn jonge libben.

As wy wer es by har kamen, dan mochten wy hinne-aaien sykje en de geit melke.

It ùtsniende hartsje yn de hùskedoar gong gauris in amer wetter troch hinne.

It spultsje Mens erger je niet ha wy oan flarden spile want pake koe net oar syn ferlies. Ek fan de spylkaarten Liege en Peste wie oant lêst neat mear fan oer.

Doe wy âlder waarden joech se ùs op har eigen ienfâldige wize foarljochting en warskôge ùs foar it oare geslacht. 

Wat kin in beppe wat betsjutte yn in jong minskelibben...