“Jonge,” sis ik; fan polityk ha ik nea ferstân hân.” Dan hâld ik it wer mei Mark Rutten en fyn him in aardige fint; hy laket altyd. Dan docht er wat dat my net noasket en is it Halbe Zijlstra omdat hy in Fries is fansels. Ik bin dan ek hielendal net polityk engazjearre. Ik spylje op de man. Oer it leauwen… dat wurd dreger. Dat is osa persoanlik, der praat ik net graach oer. Myn neisten witte wol hoe ik er oer tink. De basis fan it leauwen is hun by brocht. Yn betrouwen dat sy letter hun eigen kar meitsje kinne yn it libben. Ik bin altyd tsjin religy optwingen west, der binne eartiids de grutste misslaggen troch makke en hjoed-de-dei noch. Kleur bekenne. Sawol polityk as leauwen. Ik rin er net foar wei mar gean it ek net ùt de wei.“Mem moat mear kleur bekenne yn har blog.” seit de soan; “Hoe tinkt us memmeminske oer de polityk? Oan welke kant stiet mem? En dan noch; kom der es er rûn foarùt hoe mem oer har leauwen tinkt.”
Kleur bekenne
En dan ha ik wer in weak gefoel foar Emyl Roemer, hy hat in earlike ùtstrieling en kin it aardich bringe.