Ensaid

ensaid

Do moast mar op naailes.” sei ùs mem; “Dat komt dy letter goed fan pas. Kinst dyn eigen brea fertsjinje.

Sa wie er yn ùs doarp in oplieding foar kûpeuze joen troch de Ensaid Moadefakskoale.

Aukje, learares ùt it selde doarp, soe ùs bybringe hoe wy diplomearre naaisters wurde koenen. Nei in pear jier moasten wy eksamen dwaan yn Utert.

Al ier en betiid stienen wy op it perron fan Akkrum, dea senuweftich. Ik hie foar dizze wichtige dei nije pantys kocht want ‘de earste yndruk is trochslaand, tocht ik.

Op it stasjon fan It Hearrenfean wiene de pantys al nei de barrebysjes.

Ien foar ien waarden we foar de eksamenkommisje roppen. Ik moast ùtlizze hoe ik in mantelpakje ynelkoar sette soe. Mar omdat ik de Nederlânske taal net goed machtich wie seach ik dat se gauris de wynbrauwen omheech lutsen en it leitsjen net litte koenen.

Mar ik slagge mei glâns en gluorje, tank sy myn Fryske taal.

Fanne moarn lies ik de rouadvertinsje fan Aukje. It binne dierbre oantinkens.

Ensaid

Diele mei:

One Comment on “Ensaid

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Ensaid | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien