Begripe

“Mem begrypt my net.” De soan is in pear dagen thus. Wy prate dan oeral oer. We moatte de skea ynhelje. Hy wennet om ùtens dus ùs kontakt giet fia e-mail en sms. Sis nò sels: dan kin jo net oer grutte libbensfragen diskusjearje. As wy skilje dan kinne wy hiel goed mei elkoar prate. [Lês mear »]

Allergysk

“Sjoch sto ek wat oan my?” freget myn man. “Nè,” sis ik; “do bist noch krekt sa kreas as eartiids allinne in bytsje âlder.“ “Ik ha it gefoel dat ik yn brân stean.” seit er. “Hast yn de sinne sitten?” freegje ik. “Hoe kin dat nò? It reint al dagen achter elkoar.” merkt hy op. [Lês mear »]

Tinkdei

Der falt in kaart troch de brievebus mei in wite roas der op. Ik pak him op. It sil wol in ùtnoeging wèze foar in barbeque dat hjoed de dei wisânsje is. As in ùtnoeging fan in breidspear dy hun sulveren as gouden brulloft fiere wol. Dat hat mei ùs jierren te krijen en komt gauris [Lês mear »]

It lân fan Opper God Zeus

“Dat moat noait. ” seit myn man. Hast it nijs heard oer Griekenlân as lân fan Europa. “Dat lân moat holpen wurde.” wurd er sein. Wij hearre dat oan. Alle dagen wer want de Eurolânnen binne it nèt meielkoar iens. Sa ek wy net mar dat hat in oare reden. Wy hawwe in bedriuw hân [Lês mear »]

It moat oars

“It moat oars,” sis ik; “it is my nèt nei it sin.” In skoft allyn bin ik fan boppe nei onderen ferhùze. Ik ha it oer myn kompjûter. Wy hiene in sliepkeamer omboud ta kantoar mei twa buro`s en twa kompjûters. “Kreas.” soene jo sizze. Mar as ik dwaande wie baanden de jirpels oan as [Lês mear »]

Steuring

“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man. Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat [Lês mear »]

Ferlittenens

“Wêrom moat elkenien mei fekânsje?” sei ùs mem altiid. Se hie in glandige hekel oan de simmerfekânsjes.  Se fielde har dan allinnich en ferlitten. En dan wie sy ek noch yn de bouwfak jierdei. Elk jier wer moasten wy as bern rekken hâlde hoe wy de fekânsjes yndiele moasten. Wiken foarôf begong se der al [Lês mear »]

Etikette

Tsjin oer my sit in jong famke mei har freon. Neist my sit in âlder spantsje. Sy is fegetarier, har man dudlik nèt. Myn freondinne fiert har jierdei mei freonen en sibben mei in grutte breatafel. Foarôf koene wy mei elkoar yn ‘e kunde komme mei in drankje en in hapke. Efkes letter sitte wy [Lês mear »]

Harkspul

It is lèt wurden. Letter dan se tocht hie. Ùs mem glûpt yn it tsjuster de trep op nei boppen. Spoekbenaud krûpt se achter de rech fan ùs heit dy al oeren leit te sliepen. Ùs mem hâld fan harkspullen. Yn en nei de oarloch hearde se nei Paul Vlaanderen, syn frou Ina en de butler Charlie [Lês mear »]

Diamant

“Mei ik wat sinten fan dy liene?” freegje ik myn broer. Doe wy lyts wiene wie ik de ienige dy it altiid krap hie. En bûsjild sa as de bern hjoed de dei krije wie der eartiids net by. Myn âlste broer fersjinne al en sa swaande skode hy my wol es wat ta. Myn [Lês mear »]

>