Skroar

“Wol mem de kapusjon  fan myn jas ôf helje?” freget de soan.  Ferwachtingsfol stiet er foar my mei it ding oer de earm. Wer`t ik in glanderiche hekel oan ha dat is klean fermeitsje.   “Kinst net in skroar fine dy dat foar dy dwaan wol?” freegje ik. “Ik soe it net witte.” seit er; “De skuonmakker wol [Lês mear »]

It roer om In dialooch tusken mem en soan

Ik smyt it roer om.“ seit er troch de telefoan. “Wat bedoelst der mei?” sis ik ûngerêst. Want altyd as ik sokke berjochten  krij tink ik; wat nò wer? Want wat is er moaier as alles bliuwd sa it is! Wylts ik sels ûnrêstich bin en reuring wol. Mar as it de bern oanbelanget, dat is hiel [Lês mear »]

Pessimist

Do stekst de kop yn`t sân.” seit hy. Hy sit nei Hjoed te sjen. It iene rampberjocht nei de oare wurd de keamer ynslingere. Femylje bedriuwen fan in pear hûnderd jier âld geane op ‘e flesse. Ùs gemeente komt ûnder kuratele fan de provinsje. De gemeentelike lêsten sille heger wurde. En ùs taksje sil net [Lês mear »]

Epilepsy

“Komst ûnder?” rop ik ûnderoan de treppen. Us soan komt elke dei syn waarme hap heljen. Dat giet al jierren sa ta alle te fredenheid. Ik rop noch es; “Komste?” Mar hy reagearet net. ‘Dat doocht nèt.‘ tink ik by my sels; ‘Dèr is wat oan de knikker.‘ En sa fyn ik him ûnder it buro. Tige [Lês mear »]

Eachkorreksje

“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him. Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn. En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei [Lês mear »]

Rekrùt

Hy hat wer in pear dagen thùs west. It wiene gesellige pinksterdagen, dat moat ik sizze. Hy hat  hiel wat putsjes foar ùs dien. De waskmasjine wie oan it dûnsjen en in skilderij hong bryk. De ferbining fan de koptillefoan siet yn it ferkearde gatsje fan de televyzje. Doe wie myn kompjûter oan bar. Lykwols mei de [Lês mear »]

Sibben

“Is it goed dat ik fanne wike in dei kom?” freget se. Myn suster en ik komme geregeldwei by elkoar, sy is fjouer jier âlder. Eartiids, doe wy as bern by elkoar sliepten -dat wie  doe sa-  fertelde sy my altiid teltsjes. En by krapte oan in boarterspoppe mocht ik har earm brûke. Dy klaaide ik [Lês mear »]

Brânkast

“De lju ha gjin betrouwen mear yn de banken.” seit it nijs. Minsken wurde ynterviewt op strjitte hoe as hja tinke oer de maatskippij en it wrâldbarren. Ùtrinnende mienings en ùtspraken wurde der dien. Ik mei der wol graach nei harkje. It binne reaksjes fan alderhande slach folk. Sa wie it juster èk wer it [Lês mear »]

De fauteuil

“Dy stoel moat fuort.” sis ik tsjin him. “Hoe komst er by? It is san noflike stoel.” seit er. Jierren allyn kochten omke en muoike in leren fauteuil. “Hy hat wol njoggen hûnderdgûne koste.” sei se. Mar omke moat noflik sitte. Nei dat se beide ferstoarn wiene erfden wy him. Myn man naam him fuort yn beslach en brocht [Lês mear »]

Leuker kunnen wij het niet maken

It wie wer sa fier; it belestingbiljet moast ynfolle wurde. Nò, wy hawwe in akkountent dat ik liet it mei in restich gefoel oan him oer.  Nei dat wy in ôfspraak makke ha sitte wy tsjin oer elkoar. De tafel leit fol mei mappen, alles op nûmer en alfabet. Ik bin grutsk op my sels [Lês mear »]

>