Skroar

naaisterWol mem de kapusjon  fan myn jas ôf helje?” freget de soan. 

Ferwachtingsfol stiet er foar my mei it ding oer de earm. Wer`t ik in glanderiche hekel oan ha dat is klean fermeitsje.  

“Kinst net in skroar fine dy dat foar dy dwaan wol?” freegje ik. “Ik soe it net witte.” seit er; “De skuonmakker wol it ek net dwaan.”

“Jou mar op, sis ik; “as it misgiet wol ik net de skuld ha.

En sa sit ik efkes letter achter de naaimesjine. Yn gedachten komt my de skroar yn `t sin dy ùs mem yn de oarloch hie. Lineke kaam sa no en dan in hele dei by ùs te naaien. Nò ja, gjin heech stândsjes mar oplaapje. It iene gat mei it oare waard ticht makke mei in noch âldere lape. It wie oarloch en dan moast men wat ùtfine.

As bern fûn ik it in feest as Lineke de skroar kaam. Har oansteande man wie dirigent fan in fanfarekorps. En as er dan in ùtfiering wie as west hie dan rekke se der net oer ùtpraat .

Nei in protte gewrot en gewraam  krige ik de jas klear. “As it nò mar nei `t sin is,” sis ik; “ik doch it nèt wer oer as hy dat mar wit!

“Kin ik wat foar mem dwaan?” merkt hy tankber op. Ik begjin op te neamen . “Hâld mar op, seit er; “ik sykje wol in oannimmer.”

Diele mei:

One Comment on “Skroar

  1. 🙂
    Had ik maar een moeder, die beweert er geen zin in te hebben maar het tóch doet!

    Er zijn wel van die vermaaksters, vast en zeker ook wel in H’veen, maar ja, mem is toch veel leuker om te vragen. En dan die dankbaarheid achteraf!

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien