Brânkast

safeDe lju ha gjin betrouwen mear yn de banken.” seit it nijs.

Minsken wurde ynterviewt op strjitte hoe as hja tinke oer de maatskippij en it wrâldbarren. Ùtrinnende mienings en ùtspraken wurde der dien. Ik mei der wol graach nei harkje. It binne reaksjes fan alderhande slach folk. Sa wie it juster èk wer it gefal. Banken gean fuort en ferdwine de pinapparaten ùt it doarpsbyld.

De man fan de brânkastenwinkel docht goeie saken. “It is nèt oan te slepen. seit er. Wy meitsje efkes in rûnsje en sjoche der tige hippe modellen by stean. Ek dy gean mei de mode mei. Fjûrreade en blauwe mar ek lytse en grutte brânkasten steane te wachtsjen op klanten.

Ek wy hawwe jierren san grutte brânkast yn ‘e hûs hân. Wat wie dat ding maklik. It wie yn de tiid dat ùs jonges oan it puberjen wiene. Cola, sjips, truien en de skuon fan myn man gongen allegearre yn de brânkast.

“Wol mem myn brânkast ek brûke?” seit de soan.  

“Hoefolle rinte krij ik by dy?” freegje ik? Hy grommelt wat.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien