Leuker kunnen wij het niet maken

loesjeIt wie wer sa fier; it belestingbiljet moast ynfolle wurde. Nò, wy hawwe in akkountent dat ik liet it mei in restich gefoel oan him oer. 

Nei dat wy in ôfspraak makke ha sitte wy tsjin oer elkoar. De tafel leit fol mei mappen, alles op nûmer en alfabet. Ik bin grutsk op my sels dat ik it sa foar elkoar ha.

In jier as wat allyn sei myn man; “Ik sil dy ynternetbankieren leare.” Moat dat nò?” freegje ik. “Ja,” seit er; “ik begjin min te sjen, as ik op in djûr blyn wurd dan kin sto dy rêdde.” Nei in protte gedoch en geëamel ha ik it ûnder de knibbel krige. 

“Wer is de jieropgaaf fan 2011?” freget de boekhâlder. “Alles sit yn de map fan 2011.” sis ik, tige wis fan my sels. Mar nei in protte gesyk is hy nèt te finen.

Jo moatte nei de bank gean.” seit de man; “dy kin jo helpe.

Nei in nacht fan wekker lizzen en soerbrânen wurd ik holpen troch in aerdich fanke. Optein gean ik nei hûs. It is klear kaam. De boekhâlder kin tefreden wêze.

Op in prachtige simmermoarn lizze der twa blaue slûfkes op de matte. “Wy krije jild wêrom!” rop ik al yn ‘e gong. Ta myn fernuvering moatte wy betelje en net san bytsje ek. ‘De jieropgaaf fan 2011 doogt net’ sizze se. “Betelje mar,” seit de soan; “jimme krije it wol wêrom as it ynoarder is.” En ja hear; nei in skofke stiet it wer op de bank. It wie blykber in fersin, nei alle gedachten.

“Leuker kunnen wij het niet maken.” seit de slogan.

It moat nèt leuker wurde …

Diele mei:

One Comment on “Leuker kunnen wij het niet maken

  1. Hoe is het mogelijk!
    Ik heb wel eens een fout gemaakt en moest toen 5000 betalen.
    Na wat uitleg en bewijzen kreeg ik de mededeling dat ze het te betalen bedrag zouden kwijtschelden, alsof het een gunst was.
    Als ik niets had ondernemen en wel betaald zouden het niet zomaar zelf teruggeven. Als ik het andersom had fout gedaan zouden ze het dan wel gecontroleerd hebben?
    Bij jou is het dus een stuk leuker met de belastingdienst.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien