Skimerjûn

Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]

Skimerjûn

Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]

Ynventyf

“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne [Lês mear »]

Weromsjen

Mei in bernewein sûnder kape rydt in mem mei in lyts famke troch it doarp. De boaiem wie der ùthelle. Sa koene der twa bern yn sitte. It famke wie de jongste fan fjouwer en blier as altyd. De mem moast dan ek om it hurtsje stean bliuwe. It famke waakse op yn feilige omkriten. [Lês mear »]

Maitiidsridel

Ik ha gjin rêst mear yn it gat, ik ha de ridel yn it gat. Der moat fan alles om my hinne barre. De planten dy yn it hok oerwintere ha komme nei in lang skoft wer foar`t ljocht. Wat soe er noch fan oerbleun wêze? Ta myn grutte foldienes hoech ik neat wei te [Lês mear »]

De bûtekant

“Dat ding docht it net mear.” sis ik en skop tsjin de kuolkast. Dat wol wol es helpe. Dat ha ik es mei de televyzje dien do it noch net in plat skerm wie. “Moast him mar es goed skjin meitsje.” seit er. “Goed.” sis ik en triuw him in skûlk yn `e han. “Hy [Lês mear »]

Uniens

“Wêrom net yn it Frysk?” freegje ik. We sitte wer es byinoar om in stik as wat jierdeis te fieren. Omdat wy meielkoar âlder wurde smite wy de jierdeis op in bult. En ik moat sizze; it binne geselliche dagen. En as de kofje en de Oranjekoeke oan kant is komt de borrel op tafel. En [Lês mear »]

De gelokkigste tiid

“Wat wie de gelokkigste tiid fan dyn libben?” freget myn freondinne. Under de kofje sitte wy wat te filesofearjen. It is stil om ùs hinne en it momint foar sokke gewissefragen. Ik wit it nèt. Fansels binne der genoch mominten west dat ik my lokkich fielde. Mar ik bin se fergetten. Fremd is dat. Wêrom kin [Lês mear »]

In minskelibben

It is hjoed syn jierdei, hy is fyfentachtich wurden. Yn myn tinzen gean ik troch syn libben. As soan fan selsstannige undernimmers hie hy in unbesoarge jeugd. It wie in jonge dy syn eigen wei socht. Oaren hie hy der net by nedich, fûn hy. Mei de Eala, de Akkrummer jol, wie hy oerâl op [Lês mear »]

>