Plysje oan ‘e doar!

 

 

Op in jûn ûnder it nijs giet de doar belle.

Ik bin al yn de nacht klean, dat is myn gewoante, dan fiel ik my noflik. Der kin dochs net mear ien komme om dizze tiid, tink ik dan. Mar dizze jûn rûn oars, it wie noch net sa let dus de nachtpon kin betiid oan.

En sa siet ik foar it nijs fan Omrop Fryslân, en ha ik de hurdsilerij der foar. Grou is, sa as ferwachte, wer kampioen.

De doar belle giet troch. Miskyn de buorman om in blikje bier, tink ik noch.

Mei in grutte swaai doch ik de doar iepen en der stean twa plysjes foar de doar. Yn in flits. tink ik; ‘Binne de jonges al thús? Wat stom fan my, dy binne ommers al lang de doar út?’

Dan sjoch ik de iene plysjefrou har laitsjende gesicht.

‘Och, leave, leave Boukje,’ sis ik dan en we jouwe mekoar in dikke krûp. De jierren dat wy inoar net sjoen ha hawwe falle hielendal fuort.

Al gau geane se op patrûlje, se binne wer earne nedich. ‘Kom mar gauris wer,’ sis ik mei in ûnfêste stim.

Freonen… Wat is dat wat wurdich.

 

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments