Wokke
Faker sjen
De frachtrider set in ôfgriislike grutte doaze yn ‘e gong. “Moat it hjir wol wêze?” freegje ik noch. Jo witte it hjoeddedei net mear as it wol doogt. “Ja hear,” seit de jongfeint; “jo namme stiet er op.” Ik set de doaze op `e tafel. Ik bin nijskjirrich wat dit wêze mei. Bergen kerlich skom komt my temjitte. … Read more
It roer om
We hawwe in ferpleechkundige op bisite. In skofke allyn ha ik in enquête yn folle oer sûnens. Nei oanlieding derfan wol se witte hoe wy ùs deistich libben belibje. De iene nei de oare fraach komt oan è oarder. Oer bewegings, iten en drinken … jo kinne it sa gek net betinke as it komt … Read more
Container
“Minne en ik sille ferhûzje.” seit se. “Nè wol?” sis ik. Ik kin har al sa lang dat ik my net foarstelle ken dat sy fuort is. “Wy hawwe ùs hûs ferkocht en keapje ùs yn yn in fersoargingshûs. Alles wurd der regele: iten, drinken, in wurkster en ferpleging as dat nedich is. En der binne allegearre clubkes. … Read more
Argewaasje
“Hast de krante al krige?” ropt Geert oer de skutting. “Nè.” sis ik. “Dy rot jonge dy de krante rûn bringt fytst ùs gewoan foarby!” seit er lilk. “Ik sil wol efkes de redaksje in mail op poaten stjûre.” sis ik. En ik moat sizze as ik op ien ein bin dan bin ik efkes ùs mem. Dy … Read more
De kapster
Om de fjouwer wike stiet it reade autootsje foar de doar. Mei grutte letters stiet er op ‘Sieta`s Rijdende Kapsalon‘. In jier as wat allyn ha ik myn pols brutsen en sa kaam se by ùs oan hûs. En ik moat sizze ta grutte foldienens oan beide kanten. “Kom fierder.” sis ik en eltse kear … Read more
Op de filmset
Mem,” seit de soan; “ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op ‘e nij dwaan.” En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit. “En no hinget it hielendal fan jimme ôf as … Read more
Flechtigens en driuwerij
Ik skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net. Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednis. Grutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten. Wat is dat dochs hjoed de dei dat … Read more