Tag Archives karantêne

Emosjoneel

troch Posted on 4 Comments 1 min read 482 views

Hat mem ek boadskippen nedich?,'  freget soan T.

'Ja,' sis ik, 'mar do meist er net yn. It gebou is sletten.'

'Wat hat mem nedich?,'  freget er en ik neam de meast unnutte saken op.

Efkes letter krij ik it berjocht; 'Ik kom er oan, hear !'

Ik set my foar in raam wat in bytsje iepen kin. 'Soene de boadskippen der troch hinne kinne?' freegje ik my ôf.

'Wêrom bin ik sa emosjoneel?' sis ik tsjin my sels wylts ik wrakselje tsjin de triennen.

Ik gean foar it raam sitten en sjoch nei alles wat beweegt. Hoefolle heiten, memmen, paken en beppen soene foar dit raam sitten hawwe om mar in glimp fan har bern op te heinen?

Boadskippen kin min noch sûnder mar de oandacht fan de neisten makket it ferbliuw hjir dragelik.

'Dag mem! Oer in pear dagen bin  ik der wer, hear!' 

De boadskippen wurde by de baly delset en moatte yn karantêne...