Emosjoneel

troch Posted on 4 Comments 1 min read 403 views


Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T.

‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’

‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op.

Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’

Ik set my foar in raam wat in bytsje iepen kin. ‘Soene de boadskippen der troch hinne kinne?’ freegje ik my ôf.

‘Wêrom bin ik sa emosjoneel?’ sis ik tsjin my sels wylts ik wrakselje tsjin de triennen.

Ik gean foar it raam sitten en sjoch nei alles wat beweegt. Hoefolle heiten, memmen, paken en beppen soene foar dit raam sitten hawwe om mar in glimp fan har bern op te heinen?

Boadskippen kin min noch sûnder mar de oandacht fan de neisten makket it ferbliuw hjir dragelik.

‘Dag mem! Oer in pear dagen bin  ik der wer, hear!’ 

De boadskippen wurde by de baly delset en moatte yn karantêne…

Print Friendly, PDF & Email
  • 45
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    45
    Shares
Abonnearje
Notify of
guest
4 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Appelvrouw

Mijn leven is doorgaans in coronastijl, verandert hier niet veel door. Maar… ik mag wel weg, en niemand zegt dat er niemand mag komen. Men komt vrijwillig niet en ik ga vrijwillig nergens naar toe.
Hoe erg moet het zijn als je veel ouder bent, en opgesloten te zitten. Je hele leven voor jezelf moeten zorgen, en ineens komt mevrouw Corona vertellen dat je kwetsbaar bent.
Kinderen staan ook machteloos. En je kunt niemand iets verwijten. Hoe moeilijk moet het zijn om een boodschap aan de balie af te geven.

Rob Alberts

Te lang heb ik hier niet meer gelezen.
Blijkbaar heb ik veel gemist.

Ik wens jou betere tijden.
Maar vooral wens ik jou een goede gezondheid.

Stille groet,

Elly Galama

Ja dat zo iets als corona ons zo in d3 greep zou hebben,hadden we nooit gedacht.
Jo ‘t beskreun sa at it is.echt net te fetsjen,wat dit docht mei de bewenners.
We stean machteleas,en wat soene we allejerre graag wolle dat t oars is.
Ik hoop mei alle minsken dat jim gau wer “frij” om rinne kinne bųten it gebouw.
Sterkte foar jo en alle oare minsken die hjir mei te krijen hawwe.
Groetenis Elly.
Ps :Hoop jim binnenkwart wer een bietsje fleur te jaan

Previous
Berêsting

4
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x
WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien