Heit

Ik bin in kast oan it opromjen en kom it kondolèânsjeregister fan ùs heit tsjin. Ik gean op de grûn sitten en begjin te blêdzjen. Op de earste bledside stiet syn namme, berne yn it jier 1904 en ferstoarn op 27 novimber 1968. Fiersten te jong rekkenje ik ùt. Wat is nò 64 jier hjoed … Read more

Fotomodel

Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan? Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde. En sa stiet … Read more

Ynterview

“Wol us memmeminske in ynterview oer my meitsje?” freget de soan. De rederij wol ferskate fan syn wurknimmers yn de spotlight hawwe.   “Nò is it myn beurt. Ik soe net witte hoe dat moast.” seit er. “As stò my nò de handfetten jouste dan sil ik er wol wat fan meitsje.” sis ik. Mar dan komt de … Read more

Beppe

“Binne jo al beppe?”  “Hoe sa?” sis ik. Hûnderd kear wurd my dat frege. “No ja. Jo hawwe de aldens.” is it antwurd. “Hawwe jo al beppesizzers?” komt er faaks achteroan. As ik dan skodholje komt de fraach; “Misse jo dy dan nèt?” “Nè,” sis ik; “ik wit net wat dat is. Wat jo net kenne, misse jo … Read more

Mokses

“Wa kin my helpe!” rop ik nijsgjirrich. De lampkes boppe it oanrjucht ferhippe it wer es. Yn it tsjuster bin ik oan it griemen en kin neat fine. Nije lampkes kocht mar nè hear. Myn man is mear it type fan ried jaan en in oar it wurk dwaan litte. “Moast earst sjen as it … Read more

Eelkje

“Komst op myn  resepsje?” mailt se; “Ik  bin de tritichste jierdei. Dan wurd ik sântich.” Ik hie sels oare plannen mar se hâld fol; “Do komst dochs wol?”   Eelkje is in bysûnder frommeske. Wol fyftich jier kin ik har. Yn de earste jierren as sportyf jongfaam dy fan alles ûndernaam. Se gong nei de ULO en … Read more

Wachtwurd

“Hoe voel je je vandaag?” freget Facebook my. “Wat attint!” tink ik dan; “Wa soe dat nò wichtich fine?” “Je hebt er weer een nieuwe vriend bij.” seit hy efkes letter. Nò, dat is moai fansels mar wa is dat dan? “Je hebt een vriendschap verzoek.” seit hy in noch in kear. Dèr moat ik mear fan witte. … Read more

Kriminelen

‘Wolle jo in stap te bek gean?” freegje ik de man achter my. Ik stean foar de kassa yn in supermerk. It is dringen. Ik fiel de azem fan de man yn myn nekke. Hy mompelt; “Sorry.” en giet in stap achterùt. Wat is dat wat hjoed de dei? Dat jo gjin mins mear betrouwe … Read more

Freonskip

Der sit se ûnderùt yn har stoel op har fêste plak. Ik bin op besite by in freondinne dy ik al hiel lang ken. Jierren binne wy befreone west. Wy koene mekoar fan binnen en fan bûten. Wy wiene ûnskiedber en altiid tegearre op stap. Sy en wy siten beide yn it bedriuwslibben. Oan alle … Read more

Muoike

Hawwe jimme ek wol es immen moete mei wa it fuortendaalks klikte? Sis mar in ûnbekend minske dy jo noch nea earder tsjinkommen binne? Dat oerkaam my. Doe ik jierren allyn trouwde wie de femylje fan myn man my osa fremd. Lang is dat sa bleaun. It sil him èk wol oan my lein hawwe. … Read more

>