Ik sit troch de soanen op Facebook. Earst tige optsjin fansels want it is wat nijs wat ik net kin. En as min wat âlder wurd binne alle nije dingen dreech. Dus sis ik; “Der doch ik net oan mei.” Mar de oandrang yn my is net te kearen. ‘Dat wol ik èk witte.’ is [Lês mear »]
Serene stilte
It is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke. Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte. Ik sit te mimerjen [Lês mear »]
Europeeske ferkiezings
‘Wol Mem foar my stimme?” freget de soan. “Op welke partij?“ freegje ik. Ik ha al in partij foar him yn `e holle. Mar it is in hiele oare wer `t ik it net mei iens bin. Mar ik ha myn wurd joen en dus ik sil stimme op in partij die my nèt leit. “Wêr stimst sto op?” freegje ik [Lês mear »]
Ferlitten
Wêrom fiel ik my ferlitten? It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne. De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs [Lês mear »]
Identiteit
“Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte. “Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild.“ En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle. [Lês mear »]
Nachtlik besyk
De doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn ‘e nacht. Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en ‘s nachts oer [Lês mear »]
Bliid gefoel
“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke. We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde. “Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte [Lês mear »]
Betinke en Fiere
Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt. Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern. De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy [Lês mear »]
Sosjale media
Ik lis op ‘e knibbels foar it tùnhekje. It moat nedich yn ‘e ferve. Mar om dat in in ferfelend kluske is stel ik it mar ùt. En om dat ik leart ha “Stel niet uit tot morgen wat gij heden doen kunt” as “Geale soe ik mar dy stoar earder” gean ik oan de slach. [Lês mear »]
Skimerjûn
Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]