Betinke en Fiere

Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt.

Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern.

De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy yn ùs doarp ferniele waarden. De minsken dy yn in aparte stimming wiene. De iene wie deabenauwd en de oare wie yn in jûchhei stimming.

En der skarrele ik tusken troch. Wat fansels strang ferbean wie. Mar wa bleun no thùs as it sa spannend waard?

De oare deis rollen de tanks mei de befrijers troch it doarp. In soldaat hise my op de tank en sa riid ik keninklik troch de grutte kliber minsken. Mei bebloede fuotten kaam ik thus. De klompen mei de kramme kappen wiene weiwurden.

Ùs heit wie yn alle steaten want syn dochter kaam thus mei sloffen sigaretten en foar ùs allegearre sûkelarje.

Betinke en Fiere. Ik sil it beide mei ynmoed dwaan.

Diele mei:

One Comment on “Betinke en Fiere

  1. Pingback: Betinke en Fiere | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien