Werom sjen (2)

trochPosted on 1 Comment1min read343 views
It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen.

Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy.

En dochs dogge jo er oan mei… efteromsjen.

Somtiden wie it in feest mar somtiden ek om te gûlen. ‘Sa is it libben no ienkear, nimme sa as is.’ seit myn heit dan.

Mar wist dy man better? Soe hy alles naam hawwe?

It wiene oare tiden. Earmoede wie er oeral, min socht de gesellichheid byinoar. Ek ik ha yn myn libben tiden fan rykdom kinnen, mar ek fan ‘wa moat earst syn jild hawwe?’

Der wiene ek jierren fan gelok, mar ik wie jong en tocht dat it sa bleaun. Dat soks gewoan wie.

De tiid hat my no ynhelle en ik belibje no oare gelokkige tiden. Dy by myn âldens passe, sis mar. Ek dan kinne jo ek gelokkich wêze en tarre op it gelok fan eartiids.

‘Wat kin ik foar jimme dwaan?’ freegje ik myn soannen. Ik wol net sokken stopje as breidzje, dy tiid is foarby. Ik moat mar efkes telebankierjen as nei myn webside sjen. Der moat nedich in nij stikje komme.

Want lokkige tiden binne yn oantocht.

Bleate fuotten

trochPosted on 2 Comments1min read1357 views
Ynkringend giet de doarbel, ik rop: ‘Ik kom ‘r oan!’

‘It iten is betiid hjoed’, betink ik my.

Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús.

De doarbel hâldt oan. Wer bin dy ferhipte skuon ek al wer?

Dan samar nei de doar en op bleate fuotten doch ik de doar iepen. Der stiet de direkteur fan it fersoargingshûs foar myn noas, mei in skaal fol oaljekoeken.

‘Wat aardich fan jo’, sis ik en sjoch nei myn bleate fuotten. Wat spyt my dat no dat ik myn nije skuon net oandien ha.

Mar de man hat se hooplik net sjoen. En nei in wolmiende âldjierswinsk giet hy nei de folgjende doar.

Wat in aardige, knappe man, en hy bringt ek noch oalje koeken lâns. De dei kin by my net mear stikken.

Och ja; ik ha se fûn, myn skuon, krekt doe ‘t ik de doar wer tichtdie…

Fuotbal

trochPosted on 1 Comment1min read382 views
Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier.

Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners.

De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet Michiel ek nei hûs want de minsken, hoe âld sy ek binne, se wolle dizze wedstriid belibje.

Yn hun jonge jierren binne hja fêst lid west fan in fuotbalklup. Wa ken Abe Lenstra net? Jo hoege syn namme mar te neamen as de ferhalen oer ‘ús Abe’ komme los.

En sa sitte se allegearre foar de ‘buis’, thús as yn de mienskipsseal.

It is stil yn it pand. Allinne in inkele hat syn doar iepen setten en wol it diele mei in pear ferdwaalde minsken op ‘e gong.

De oare deis kaam de kater. Ferlern… Wa hie dat no tocht?

Dan mar sjoele. Der kin men noch mei winne teminsten…

Fuotbal.

Taxi

trochPosted on 0 Comments1min read227 views
De telefoan giet en in stim ropt lûd: ‘Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.’

‘No, ik stean al in hiel skoft gereed.’ mompelje ik.

De man bringt my swijend nei Aldeboarn.

Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er gjin wurd út syn mûle. Om fyf oere sil hy my wer ophelje is de ôfspraak. Mar dat rint oars; in heal oere te let komt er in oare taxi foar de doar.

In hiele aardige, tige knappe jongeman hjit my hoffelik wolkom yn syn taxi. De taal kin hy net sa goed, mar mei begryp fan beide kanten komme jo in hiel ein.

We sette út ein, mar de TomTom is ek al yn ‘e war; hy sprekt net de selde taal as de sjauffeur.

We passearje Mantgum, Weidum, Jorwerd, Baard én Earsterwierum en ik bin werom yn Aldeboarn.

Wat is Fryslân moai. ‘Mar net by tsjuster.’ betink ik my. Dochs ha ik in moaie middei hân.

It giet dy goed, jonge. Sukses. Ha mar wat geduld mei dyn klanten, earst mar de taal leare, dan komt it wis wol goed….

Nachtpon

trochPosted on 1 Comment1min read2319 views
Ik kom noch efkes om in bakje kofje, hear.”

“Da’s goed,” sis ik, “mar ik ha de nachtpon al oan.”

“Dat jout neat, ik ha mem wol faker sa sjoen.” seit er.

Nei in smout petear giet er wer fuort.

Efkes letter giet de telefoan; “Mem, ik ha de kaai lizze litten en no kin ik er net mear yn komme. Hat mem ek in kaai  en wol mem dy efkes nei de yngong bringe?”

“Wol ja.” sis ik. Ik bin yn de nachtklean mar toe mar… dy jonge moat holpen wurde.

En sa pak ik myn scootmobyl en race troch de lege, holle gongen fan it fersoargingstehûs, nei de foardoar.

En nei dat ik de kaai ôfjûn ha, hobbelje ik werom troch deselde kâlde dongen.

‘Werom hâlde wy as bewenners ûnderling net es in wedstriid yn nachtklean, op scooters?’ betink ik my. Ik sil it op de aginda sette litte.

In wûnderlik gefoel oerfalt my en al ridend geniet ik noch mar ris dûbeld fan ‘e donkere stilte yn ‘e nachtlike gongen fan it âldminskenhûs.

Ha! Max Verstappen soe wolle dat er hjir race mocht. Yn ‘e nachtpon…