Milkshakes

Hastich en beswit komt er de keamer yn. Der wurde in pear bekers milkshakes op de tafel set, hy ploft op de bank del. Ik wit ùt underfining dat ik net fuort begjinne moat te freegjen hoe it west is. Dat is dreech foar my want ik bin osa benyd hoe it yn Sina gong [Lês mear »]

It leanstrypke

Hjoed-de-dei  hat min it er oer om it lytsjild ôf te skaffen. Hja neame dat Cash jild, dat lytse jild. It dy my tinken oan eartiids do ik mei myn earste fertsjinne jild thus kaam. It siet yn in brùn papierenpûdsje. Der siet in hiel lang smel strypke papier yn wert ik neat fan begreep. Ien [Lês mear »]

Risikogefal

Kleedt  u zich maar uit.” seit de assistente. “Hoe fier?” freegje ik.  “Ho maar.” seit se as ik mei de fiters fan myn skuon dwaande bin. Ik bin by de hertspesjalist foar de jierlikse kontrôle. Sûnt de lêste grypgolf bin ik in risikogefal wurden. Nei in skoft fan wachtsjen en klomjen -ik bin ommers heal neaken- komt de [Lês mear »]

Ferealens

Hat mem yn har jonge jierren wol es fereale west?” freget de soan yn in fertroulik momint . “Ach jonge,” sis ik; “do ik jong wie stie ik gauris yn fjoer en flam. Mar it wie net gau goed. Se moasten er wol goed utsjen.” “Dat hâldt yn; kreas en himmel en net goar en [Lês mear »]

De sjoernaliste

It frommiske oan de telefoan freget as se lâns komme mei foar in ynterview. “Hawwe jo wol it goeie nûmer?” freegje ik; “Moatte jo my wol hawwe?” “Jo hawwe in blog, mei allegearre stikjes.” seit se; “Mei ik efkes lâns komme foar in ynterview?” “Want dat is net gewoan as jo sa âld binne.” giet se fierder. [Lês mear »]

High five!

Twa jonkjes komme my gekjeiend temjitte. Se binne nei it swimbad west. De iene is sawat njoggen jier en de oare seis, tink ik. Se untdekke in piano en klappe net sachtsinnich de klep omheech. “Kinne jimme pianospylje?” freegje ik en wiis nei it musykynstrumint. Se sjogge my skrutend oan. “As ferstiest gjin Frysk?” sis [Lês mear »]

Dwale

In grutte steatige frou rint foar my ùt. Se hat wat ofwêzichs oer har, de eagen stoarje yn de fierte. Ik werken har as myn buorfrou. “Goeie.” sis ik mar se seit neat werom. Myn man is om de krante ùt , dy sil ek wol troch it gebou dwale, it is in hiele toer [Lês mear »]

In miening

In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om. Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje. Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje. Wat is dat dochs hjoed-de-dei? We hawwe dochs yn de wet stean; “Frijheid fan mienings ùterings” mids jo der net immen mei skramje. [Lês mear »]

It moat wenne…

It moat wenne, dat is wis.

Ik mis myn buorlju. We hawwe mear as tweintich jier neist elkoar wenne.

Allegearre jonge minsken, wy wiene de âldste bewenners.

We hawwe mei elkoar lake en mei elkoar  gûld. As ien fertriet hie, wist de oare der fan.

As immen yn ferwachting wie libbe de hiele buert yn spanning  en telden wy mei elkoar de dagen .

Ferhûzje; elkenien holp mei, elk op syn eigen wize. Op hûnen passe der koe altyd wol ien by.

Ferskate bestellingen fan PostNL leine yn `e gong opsteapele, somstiden koene wy der amper lâns.

Mar we wiene der foar elkoar. Wat hiel bysûnder is hjoeddeis wert de buorlju mekoar net mear kenne.

It moat wenne…

Read more

Vivaldi

Under de klanken fan de Vier Jaargetijden fan Vivaldi jout myn buorfrou tusken troch lûdop ferslach, as wie se fan de NOS. Prachtige bylden fan de stêd Venetië gean op in enoarm skerm oan ùs eagen foarby. Grutte gebouwen en enoarme brêgen beheerskje it byld fan de stêd. As de jaargetijden oer ùs hollen dwarrelje ferhellet [Lês mear »]

>